Joächaz fan Israel
Joächaz (Hebriuwsk: יְהוֹאָחָז; Latynsk Joachaz, "God hâld fêst") wie kening fan it Noardryk Israel (Samaria). Hy folge syn heit Jehû op.
Joächaz ûndernaam neffens it Alde Testamint neat om in ein te meitsjen mei de sûndige praktiken yn it lân. Hjirmei wurde de ôfgoaderij bedoeld, dy't al sûnt Jerobeäm yn it lân Israel tastien waard.[1]
It lân wie tidens it regear fan Joächaz ûnderhearrich oan kening Hazael en syn opfolger Benhadad. De kening seach hoe slim de Arameeërs it lân ûnderdrukten en kearde him ta de God fan Israel. Neffens de Skrift kaam der yndied in ein oan de ûnderdrukking. Mar de Israeliten makken gjin ein oan de ôfgoaderij en lieten sels de Asjearapeal yn Samaria stean.[2]
De kening fan Aram hie it leger fan Israel sa ûnder de foet rûn, dat it yn de tiid fan Joächaz net folle mear foarstelde: fyftich ruters, tsien striidweinen en 10.000 man fuotfolk.[3]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |