Joachim Karel Vegelin van Claerbergen
Joachim Karel Vegelin fan Claerbergen,(De Jouwer op Heremastate, 26 jannewaris 1843 – Maarssen, 26 oktober 1902) wie in eardere boargemaster.
Joachim Karel wie in soan fan Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen sr., keamerlid en ien fan de rykste ynwenners fan Fryslân, en Aurelia van Beyma (1815-1851). Hy wie in pakesizzer fan Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844). By Keninklik Beslút waard hy op 15 juny 1868 beneamd as kapitein-kommandant fan de op te rjochtsjen skutterij fan Haskerlân.
Yn 1873 folge de beneaming ta boargemaster fan Himmelumer Aldeferd en Noardwâlde (Fan 1 jannewaris 1812 oant 1 oktober 1816 wie Noardwâlde in selsstannige gemeente). Yn Koudum finansierde hy de bou fan in earmhûs. Doe ’t it tehûs nei de oarloch opheft waard, en der in âldereinhûs foar yn it plak kaam, krige it de namme Claerbergen.[1] Op 21 novimber 1873 troude hy yn Lochem mei Charlotta Helena Henrika Marin. Ut dit houlik waarden nei de berte fan in dochter yn 1876 yn Amsterdam op 12 novimber 1878 trije soannen berne, ien fan dy soannen wie Pieter Benjamin Johan.
Fan 1878 oant 1887 wie hy boargemaster fan Westzaan (1878-1879) en Wormerveer (1879-1887). Yn 1887 waard Vegelin van Claerbergen keazen as bestjoerslid fan it Ynstitút foar dôfstomme minsken yn Wormerveer. Yn 1894 wie hy bestjoerslid fan de Feriening fan Weesheiten en old as kommisjelid tafersjoch oer it finansjeel behear fan it weeshûs Lindelaan yn Maarsen. Jonkhear Joachim Karel ferstoar yn Maarssen op 26 oktober 1902.
Pakesizzer
bewurkje seksjeIn pakesizzer fan jonkhear Joachim Carel Vegelin van Claerbergen, berne op 20 febrewaris 1917 op De Jouwer, waard oarlochsslachtoffer. Hy sneuvele op 15 maaie 1940 as reserve faandrich op de kop fan de Steenweg yn Moerdijk. Hy leit begroeven op begraafplak Westermar op De Jouwer. [2] Yn it gemeentehûs fan De Jouwer hingt in portret fan him.[3] Op 3 maaie 1952 waard in tinkstien op de herfoarme tsjerke fan de Jouwer ûntbleate dêr 't ek Joachim Karel syn namme op stiet. [4]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|