Joachimus Lunsingh Tonckens (1817-1893)

Joachimus Lunsingh Tonckens (Westervelde, 28 maart 1817 - De Haach, 1 april 1893) wie in Nederlânsk dokter en boargemaster.

Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Bordena, de wenning dy't Tonckens yn 1868 bouwe liet yn Beetstersweach

Tonckens wie in soan fan de lânbouwer en wethâlder fan Smilde Elzo Tonckens en Elisabeth Reinders Nijensikkinge. Hy wie in pakesizzer fan Joachimus Lunsingh Tonckens, eigener fan Huzinge Westerveld of de Tonckensboarch. Hy studearre medisinen oan de Universiteit fan Grins en promovearre dêr yn 1842 ta medysk doktor en yn 1843 ta doktor yn de ferloskunde[1]. Hy fêstige him as dokter op De Sweach. Hy wie dêr de buorman fan de famylje Van Teyens en krige de grouwe erfenis fan dat laach, dat gjin neiteam hie. Hy liet it monumintale pân Bordena oan de Haadstrjitte 31 bouwe. Hy wie lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1865 waard er beneamd ta boargemaster fan Opsterlân. Mei dy funksje hold er yn jannewaris 1873 op. Hy waard opfolge troch Albertus van Harinxma thoe Slooten Hy ferhuze nei De Haach, dêr't er yn 1893 yn 'e âldens fan 76 jier ferstoar.

Tonckens boaske op 15 july 1847 yn Ljouwert mei de dêr berne Helena Aletta Koumans Smeding, dochter fan Pieter Koumans Smeding, útjouwer fan de Ljouwerter Krante en Johanna Vitringa Coulon. Ut dat houlik waarden fiif dochters berne. Syn broer Sijbrandus Hellinga wie boargemaster fan Odoorn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek. Diel 10: Joachimus Lunsingh Tonckens