Joadsk-midsiuwsk erfgoed fan Erfurt
It Joadsk-midsiuwsk erfgoed fan Erfurt is sûnt 2023 UNESCO-wrâlderfgoed.
Joadsk-midsiuwsk erfgoed fan Erfurt | ||
UNESCO-wrâlderfgoed | ||
lân | Dútslân | |
plak | Erfurt | |
UNESCO folchnûmer | 1656 | |
kritearia | (iv) | |
ynskriuwing | 2023 (45e sessy) | |
Kaart | ||
UNESCO-wrâlderfgoedlist |
It erfgoed makket it libben tusken 1100 en 1349 fan 'e joadske mienskip yn 'e Tueringske stêd Erfurt sichtber. Yn 'e midsiuwen krigen joadske keaplju in wichtige rol yn 'e hannelsstêd Erfurt. Under it erfgoed falle trije gebouwen út dy tiid.
De Alde Synagoge (Alte Synagoge) is in bouwurk út likernôch 1100. Nei de pogrom yn Erfurt fan 1349 waard de synagoge as pakhûs brûkt en letter waard it in restaurant. Hjoed-de-dei is it gebou in museum. De âldste bouspoaren datearje fan 1094.
It Stiennen Hûs (Steinernes Haus) waard om 1250 hinne boud en it kaam sûnt 1293 yn joadsk besit.
By tafal waard by opgravingen yn 2007 de mikwe fan Erfurt ûntdutsen.
Bouwurken
bewurkje seksjeOfbyld | Namme | Adres | Datearing |
---|---|---|---|
Alde Synagoge | Waagegasse 8 | ||
Stiennen Hûs | Benediktsplatz 1 | ||
Mikwe | Kreuzgasse |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Joadsk-midsiuwsk erfgoed fan Erfurt fan Wikimedia Commons. |