Joadsk Begraafplak (Bingen am Rhein)

It Joadsk Begraafplak (Dútsk: Jüdische Friedhof) yn Bingen am Rhein is ien fan de grutste joadske begraafplakken yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It begraafplak is in beskermd monumint. It begraafplak leit oan de foet fan de Rupertsberg boppe it algemiene begraafplak.

Bingen am Rhein, Joadsk begraafplak

Skiednis bewurkje seksje

De joaden fan Bingen begroeven oant yn de twadde helte fan de 16e iuw harren deaden yn Mainz. Doe waard it begraafplak yn Bingen oanlein en neffens it yn 1789 opstelde Memorbuch fan de gemeente waard yn 1562 foar it earst immen op it nije begraafplak begroeven.

 
Muorre fan it Joadske Begraafplak fan Bingen

It âldste diel fan it begraafplak leit yn it eastlike diel fan it 265 meter lange begraafplak. Ek oare joadske gemeenten om Bingen hinne makken gebrûk fan it begraafplak. Yn de rin fan de tiid moast der jimmeroan wer útwreide wurde. Nei alle gedachten waard it âldste diel, dêr't noch 610 stiennen steane, teminsten ienris romme en op 'e nij yn gebrûk nommen.

De hjoeddeiske tagong leit tusken it eastlike âldere diel en it westlike nijere diel yn, dat yn yn 1856 oanlein waard. Yn de súdwestlike hoeke fan it begraafplak leit sûnt 1872 it diel foar de otterdokse joadske gemeente, dat oant 1925 mei in muorre skieden wie fan de rest fan it begraafplak.

It begraafplak waard ek yn de tiid fan it nasjonaal-sosjalisme net ferneatige. Mei mear as tûzen grêfstiennen is it ien fan de grutste begraafplakken fan Rynlân-Palts. De âldste stien datearret fan 1602.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.