Joadsk Wurkdoarp Wieringermar
It Joadske Wurkdoarp Wieringermar wie in yn 1934 iepene sintrum yn 'e Wieringermarpolder tusken Wieringerwaard en Slootdorp, dêr't jonge joadske flechtlingen út Dútslân en Eastenryk in agraryske fakoplieding krigen. Nei de foltôging fan 'e oplieding wie it doel dat hja emigrearren nei Palestina, de Feriene Steaten of Súd-Amearika.
Joadsk Wurkdoarp Wieringermar | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
adres | Nieuwesluizerweg 42 1774 PE Slootdorp | |
koördinaten | 52° 49'N 4° 54'E | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1934 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 516084 | |
offisjele webside | ||
www.joodswerkdorp.nl | ||
kaart | ||
Stifting
bewurkje seksjeIt wurkdoarp wie in inisjatyf fan 'e troch George van den Bergh oprjochte Stifting Joadske Arbeid. Dy stifting pachte yn 'e Wieringermar de 91 hektare grutte Oostwaardhoeve. Nei de machtsoername fan Adolf Hitler yn Dútslân flechten in soad joaden nei Nederlân en it doel wie om jonge flechtlingen tusken 18 en 25 jier in oplieding foar it boerebedriuw oan te bieden en ta te rieden foar in emigraasje nei Palestina en oare lannen lykas Noard- en Súd-Amearika, Austraalje of Súd-Afrika. Dêrnjonken wiene der ek technyske opliedingen, opliedingen yn houtbewurking, timmerjen en mitseljen, om dy't ek fan pas kamen foar de opbou fan it wurkdoarp, dat foar in grut part yn eigen behear plakfûn.
De stifting joech de lokaasje de namme Joadske Wurkdoarp Nije Slûs. De earste jonge bewenners kamen yn 1934 oan, mar it duorre oant begjin 1937 dat it wurkdoarp syn definive foarm krige en offisjeel iepene waard. It mienskipshûs wie it sintrum fan it wurkdoarp en dêrom hinne leine de houten barakken yn in heale sirkel. Ynearsten wie der plak foar 250 minsken, mar nei 't it tal flechtlingen nei de Kristallnacht tanaam, waard it oantal ferhege ta 300. Ek de leeftydgrins waard oanpast en tenei wiene ek bern fanôf 14 jier wolkom.
Foar de jongerein wie it net altiten like maklik. De beroppen dêr't hja foar learden wiene net de typyske beroppen dêr't joaden mei bekend wiene. It beskikbere ark wie ienfâldich en allinne dat waard leard, dêr't it wurkdoarp sels wat oan hie. Ek soe net elkenien der yn slachje om nei de foltôging fan 'e oplieding te emigrearjen want net alle lannen sieten te wachtsjen op joaden.
Mei de Dútske ynfal yn 1940 ûntstie der ûnder de flechtlingen panyk, mar dy bêde wer del doe't der ynearsten neat feroare. Op 20 maart 1941 kamen der ûnferwachts seis bussen mei auto's fan Klaus Barbie en Willy Lages fan 'e Sicherheitsdienst. De bewenners krigen tsien minuten om harren guod te pakken en yn 'e bus te stappen. De wurklieder fan it wurkdoarp slagge der noch op 'e tiid yn om de Dútsers te oertsjûgjen dat it bedriuw noch minsken nedich hie foar it fee, it gewaaks en de rispinge en sa mochten 50 manlju en 10 froulju efterbliuwe oant nei de rispinge. Hja soene de oarloch hast allegear oerlibje.[1]
De bussen rieden de learlingen nei Amsterdam, dêr't se foar in grut part by famylje of oare hûshâldings ûnderbrocht waarden. Ynearsten koene de learlingen de oplieding yn 'e omkriten fan Amsterdam ferfolgje, mar ek dat soe wat letter ûnmooglik makke wurde. Yn juny 1941 fregen de Dútsers by de Joadske Ried de adresselist op om 't se sabeare fan doel wiene om de joaden werom te bringen nei it wurkdoarp. De jonge minsken dy't net op 'e tiid ûnderdûkten waarden fan hûs helle en net nei it wurkdoarp, mar nei Kamp Skoarl brocht. Fan dêr wei waarden se mei in seleksje fan 300 sterke manlju nei Mauthausen deportearre, dêr't se alle 57 yn in heal jier tiid ferstoaren. Healwei july 1942 gie de earste trein út kamp Westerbork mei in groep fan it wurkdoarp nei Auschwitz. Nimmen fan dy groep oerlibbe de oarloch. Meiïnoar waarden 196 learlingen fan it Joadske Wurkdoarp fermoarde.
It wurkdoarp sels waard op 1 augustus 1941 sletten. De joaden dy't der doe noch wiene regelen foar harrensels ûnderdûkplakken of waarden dêrby holpen. Yn totaal hat it wurk fan it Joadske Wurkdoarp likernôch 600 jonge joadske flechtlingen út Dútslân en Eastenryk rêden.[2]
Nei 1945
bewurkje seksjeNei de befrijing waard it wurkdoarp in proefbuorkerij fan it Ynstitút foar Lânboutechnyk en Rasjonalisaasje. De wenbarakken waarden ôfbrutsen, mar it mienskipshûs en de Oostwaardhoeve binne bewarre bleaun. Tusken 1990 en 1998 brûkte Art & Project, in foaroprinnende galery foar hjoeddeiske keunst, it mienskipshûs. Sûnt 2002 is it mienskipshûs in ryksmonumint.
Yn 1989 waard foar it gebou ta neitins oan 'e ynwenners in monumint set. Op 6 oktober 2021 is in nammemonumint tafoege, mei 196 tegels mei de nammen fan 'e fermoarde ynwenners fan it wurkdoarp.
Nije funksje
bewurkje seksjeNei't de gebouwen in skoft leech stien hiene gie de gemeenterie op 23 april 2020 akkoard mei it útwurkjen fan in plan om op it plak fan 'e eartiidske barakken nije gebouwen te setten foar arbeidsmigranten. Fierder sil der in betinkingssintrum en in museum oer de Wieringermar yn it mienskipshûs ûnderbrocht wurde.
Publikaasje(s)
bewurkje seksje- H.B.J. Stegeman en J.P. Vorsteveld, Het Joodse werkdorp in de Wieringermeer 1934-1941 (1983).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|