Joadsk Begraafplak (De Gordyk)

(Trochferwiisd fan Joadsk begraafplak (De Gordyk))

It Joadske Begraafplak fan De Gordyk wie fan âlds it begraafplak fan 'e Joadske mienskip fan De Gordyk, oan de Dwersfeart op De Gordyk by Koartsweagen. Der binne 112 grêfstiennen bewarre bleaun (fan oant 1939) fan yn totaal sa'n 209 ferstoarne joaden. Dêr hearre ek dy fan Opsterlân (6) en Smellingerlân (4; tusken 1855-1927) ta. De gemeente Opsterlân fersoarget it ûnderhâld.

Joadsk begraafplak op De Gordyk

De earste Joaden kamen yn de twadde helte fan de 18e iuw nei De Gordyk, doe't der gjin ekonomyske beheinings foar joaden wiene. Yn 1775 fêstige David Levi him op De Gordyk en syn namme waard letter ferfryske ta Leefsma. De earste gemeente ûntstie om 1800 doe't der genôch leden foar in wiene. It begraafplak yn Noardwâlde wie te fier, sadwaande waard besletten om yn 1804 in stik heide oan te keapjen yn de Blinewyksbosk (dy't yn 1832 eigendom wie fan grytman Saco van Tijens), súdlik fan de Dwersfeart, letter ek 'Joadebosk' neamd. De Gordyk hat in begraafboek fan 1819 - 1939. It kadaster fan 1832 neamd persiel Laz D682 ;1480 m², de âldste stien is fan 1807. It kadaster neamt ek in persiel op De Gordyk sels: Gorredijk C181, tsjerke en begraafplak fan 240 m². Oft dêr werklik begroeven is, is de fraach, dit wie dan by de synagoge. De gearkomsten wiene yn in lokaal oan de Noardeast-Dûbelestrjitte. De earste synagoge waard ynwijd yn 1807 oan de Langewâl, tsien jier letter waard dy útwreide mei in skoalle en in skoalmastershûs. Yn 1856 kaam der in nij gebou.

De Gordyk waard in ringsynagoge mei de nije yndieling fan it Nederlânsk Israelitysk Tsjerkegenoatskip. De tsjerken yn Noardwâlde, Drachten (oant 1821) en It Hearrenfean waarden doe bytsjerken. Neist de tsjerkeried wiene aktyf:

  • genoatskip foar talmoedstúdzje en fersoarging fan de deaden foar manlju
  • begraffenisferiening foar froulju
  • feriening foar it setten fan grêfstiennen
  • ôfdieling fan de Alliance Israelite Universelle (ein 19e iuw).
  • Earmhûs (sûnt 1853)

Al foar de Twadde Wrâldoarloch wie de joadske mienskip te lyts foar fêste tsjinsten. Sûnt septimber 1942 waarden de measte joaden út De Gordyk en omkriten deportearre en yn kampen ûnderbrocht. Yn de omkriten sieten noch al joaden út oare plakken ûnderdûkt. Yn 1948 waard de joadske gemeente by dy fan Ljouwert foege. Fiif jier letter waard de synagoge ôfbrutsen. De gemeente Opsterlân ûnderhâldt sûnttiids it joadske begraafplak oan de Dwersfeart.

 
Joadsk monumint op De Gordyk
Makker Johan G. Wertheim, 1946

As oantinken oan de ferdwûne joadske ynwenners fan De Gordyk is yn 1956 in tinkstien oanbrocht op de hoeke fan de Haadstrjitte en de Tsjerkewâl. Yn april 2001 kaam yn it Van Haersmapark te Drachten in monumint as neitins oan de 14 joadske ynwenners fan Drachten en Smellingerlân dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkamen.

Oantal joaden yn De Gordyk en omkriten
  • 1798 39
  • 1809 70
  • 1840 153
  • 1869 186
  • 1899 137
  • 1930 47

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee JHM
  • Michman, J., Beem, H. en Michman, D. (1992), Pinkas: geschiedenis van de joodse gemeenschap in Nederland, Antwerpen/Amsterdam: Utjouwerij Contact. ISBN 90-254-9513-3.