Johan Cruijff Skaal

De Johan Cruijff Skaal is de priis dy't de winner fan de jierlikse fuotbalwedstriid tusken de Nederlânske bekerwinner en de Nederlânske lânskampioen by de manlju kriget. Oant 1996 hjitte dizze priis de Nederlânske Supercup en PTT Telecom Cup. Fan 1996 ôf is de priis nei de Nederlânske fuotballer Johan Cruijff neamd.

Johan Cruijff Skaal
Tekening fan de skaal
Tekening fan de skaal
sport Fuotbal
organisator KNVB
earste edysje 1949
Temaside  Sport

De wedstriid om de Johan Cruijff Skaal wurdt organisearre troch de Keninklik Nederlânsk Fuotbalbûn (KNVB) en hie oant 2016 plak yn de Amsterdam ArenA, mar wurd fan 2017 ôf yn it stadion fan de lânskampioen spile, in wike foar de start fan it nije Nederlânske fuotbalseizoen.

Skiednis bewurkje seksje

Op 25 juny 1949 hie der foar it earst in wedstriid tusken de Nederlânske lânskampioen en bekerwinner plak. Lânskampioen SVV út Skiedam en bekerwinner Quick út Nimwegen spielen tsjin inoar yn it Goffertstadion yn Nimwegen. SVV wûn mei 2-0 fan Quick. Hoewol't dit foar ien kear wie, wurdt dizze wedstriid hjoed-de-dei beskôge as earste Nederlânske supercup.

Pas yn 1989 soe der om 'e wille fan it 100-jierig jubileum fan it KNVB wer in Supercupwedstriid organisearre wurde. Dizze wedstriid dy't spile wurde soe op 8 augustus tusken lânskampioen en bekerwinner PSV en de nûmer twa Ajax gie lykwols net troch, om't de boargemasters fan Eindhoven en Amsterdam de feiligens net garandearje koene.

Yn 1991 waard der pas in twadde Supercup spile, de priis hjitte doe PTT Telecom Cup. It duel gie tusken bekerwinner Feyenoord en lânskampioen PSV, de wedstriid waard wûn troch Feyenoord. De priis bleau trije jier sa hjitten doe hold PTT op mei sponsorjen en waard it wer de Supercup neamd. Yn 1996 krige it de namme fan Johan-Cruijf-skaal en waard tweintich jier lang standert yn de Amsterdam ArenA hâlden, mar waard fanôf 2017 yn it stadion fan de lânskampioen spile, in wike foar de start fan it nije Nederlânske fuotbalseizoen. In part fan de opbringst fan de wedstriid wurdt sûnt 1996 oan de Johan Cruyff Foundation skonken in stifting dy't him dwaande hâld mei it ûnderstypjen fan sportprojekten foar bêrn mei in beheining en troch it oanlizzen fan moderne traapfjildsjes yn wenwiken mei earmere húshâldingen.

Wedstriden bewurkje seksje

Edysje Datum Lânskampioen Bekerwinnner Utslach Lokaasje
Supercup 1949 25 juny 1949 SVV Quick 2 - 0 Goffertstadion, Nimwegen
PTT Telecom Cup 1991 14 augustus 1991 PSV Feyenoord 0 - 1 Stadion Feijenoord, Rotterdam
PTT Telecom Cup 1992 12 augustus 1992 PSV Feyenoord 1 - 0 Stadion Feijenoord, Rotterdam
[PTT Telecom Cup 1993 8 augustus 1993 Feyenoord AFC Ajax 0 - 4 Stadion Feijenoord, Rotterdam
Super Cup 1994 21 augustus 1994 AFC Ajax Feyenoord 3 - 0 Olympysk Stadion, Amsterdam
Super Cup 1995 16 augustus 1995 AFC Ajax Feyenoord 2 - 1 Stadion Feijenoord, Rotterdam
Johan Cruijff Skaal 1996 18 augustus 1996 AFC Ajax PSV 0 - 3 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 1997 17 augustus 1997 PSV Roda JC 3 - 1 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 1998 16 augustus 1998 AFC Ajax PSV 0 - 2 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 1999 8 augustus 1999 Feyenoord AFC Ajax 3 - 2 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2000 13 augustus 2000 PSV Roda JC 2 - 0 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2001 12 augustus 2001 PSV FC Twinte 3 - 2 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2002 11 augustus 2002 AFC Ajax PSV 3 - 1 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2003 10 augustus 2003 PSV FC Utert 3 - 1 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2004 8 augustus 2004 AFC Ajax FC Utert 2 - 4 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2005 5 augustus 2005 PSV AFC Ajax 1 - 2 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2006 13 augustus 2006 PSV AFC Ajax 1 - 3 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2007 11 augustus 2007 PSV AFC Ajax 0 - 1 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2008 23 augustus 2008 PSV Feyenoord 2 - 0 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2009 25 juli 2009 AZ It Hearrenfean 5 - 1 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2010 31 juli 2010 FC Twinte AFC Ajax 1 - 0 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2011 30 juli 2011 AFC Ajax FC Twinte 1 - 2 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2012 5 augustus 2012 AFC Ajax PSV 2 - 4 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2013 27 juli 2013 AFC Ajax AZ 3 - 2 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2014 3 augustus 2014 AFC Ajax PEC Zwolle 0 - 1 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2015 2 augustus 2015 PSV FC Grins 3 - 0 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2016 31 juli 2016 PSV Feyenoord 1 - 0 Amsterdam ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2017 5 augustus 2017 Feyenoord Vitesse 4 - 2
strafskoppen
Stadion Feijenoord, Rotterdam
Johan Cruijff Skaal 2018 4 augustus 2018 PSV Feyenoord 5 - 6
strafskoppen
Philips Stadion, Eindhoven
Johan Cruijff Skaal 2019 27 juli 2019 AFC Ajax PSV 2 - 0 Johan Cruijff ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2020 Net spile
Johan Cruijff Skaal 2021 7 augustus 2021 AFC Ajax PSV 0 - 4 Johan Cruijff ArenA, Amsterdam
Johan Cruijff Skaal 2022 30 juli 2022 AFC Ajax PSV 3 - 5 Johan Cruijff ArenA, Amsterdam

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: