Johan (Hanny) Schuurman (Akkrum, 19??) is in Frysk ûnderwizer en keunstskilder.

Groeide op oan de Finkebuorren yn Akkrum en gie nei de ULO yn Akkrum en de Rykskweekskoalle op It Hearrenfean. Begûn yn 1968 as learkrêft oan Kleyenburg yn Frjentsjer en wurke fan desimber 1974 oant syn vut (31 jannewaris 2007) oan de Lyts Luchtenveldskoalle op De Jouwer.

Schuurman waard beynfloede troch syn heit Durk Schuurman, dy't him as jonkje al mei it lân ynnaam te aaisykjen. Syn biologylearaar Henk Beers naam de bern faak mei it lân yn, bygelyks nei it Bokkumer Mar. Letter die er syn ynspiraasje yn it fjild op, ridend, fytsend of farrend. Syn yndrukken ferwurke er dan thús. Biedwurd dêrby wienen de wurden fan Douwe Franke fan Earnewâld: Troch iepen each en ear, sjogge jo folle mear. Mear as tweintich jier tekene Johan Schuurman by 't Atelier' op De Gordyk.

Wurk fan Schuurman bestiet meast út akwarellen fan lânskippen, fûgels, skippen, gebouwen en wintergesichten. Yn 2007 begûn er by keunstskilder Marten Sijbesma mei oaljeferve foar realistyske skilderijen.

Schuurman hie ûnder oare in eksposysje yn it gemeentehûs fan Skarsterlân op De Jouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jouster Krante, 22 oktober 2005, side 5