Bokkumer Mar
De Bokkumer Mar is in mar yn de gemeente It Hearrenfean. De Bokkumer Mar leit tusken Nes by Akkrum en de Peanster Ie. Fan Nes nei de Bokkumer Mar rint de Nesker Sylroede. Fan de Bokkumer Mar rjochting Grou rinne it Burstumer Rak en it Douwe Tseardsrak. It marke is neamd nei it buorskip Bokkum. Yn de 19e iuw wie likernôch healweis oan de noardkant fan de Kromme Knillis fia in syl in ferbining nei de Bokkumer Mar.
De namme Bokkumer Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bokkumermeer.