Johannes Bodel Nijenhuis
Johannes Tiberius Bodel Nijenhuis (Amsterdam, 23 novimber 1797 - Leien, 8 jannewaris 1872) wie in Nederlânske útjouwer en kaartesamler. Bodel Nijenhuis is nammejouwer fan de tige mânske Kolleksje Bodel Nijenhuis (atlassen en lânkaarten) yn de Universiteitsbiblioteek Leiden.
Johannes Bodel Nijenhuis | ||
Portret troch J.L. Cornet (Kolleksje UB Leiden) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 novimber 1797 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 8 jannewaris 1872 | |
stjerplak | Leien | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Utjouwer, kaartesamler | |
reden bekendheid |
Kolleksje Bodel Nijenhuis |
Biografy
bewurkje seksjeJ.T. Bodel Nijenhuis waard berne yn Amsterdam as soan fan Everhardus Bodel Nijenhuis en Magdalena Luchtmans. De famylje fan memmekant wie sûnt 1683 eigener fan útjouwerij Luchtmans. Bodel Nijenhuis ferlear syn mem doe't er twa jier wie en waard troch syn muoike en pake grutbrocht yn it bedriuwspân fan de útjouwerij, Rapenburg 69 yn Leiden. Fan 1809 oant 1812 besocht Bodel Nijenhuis it Steds Gymnasium Leiden. As jonge hie er fierder Willem Bilderdijk as privaatdosint. Doe't er fjirtjin wie gie er nei de universiteit Leiden om rjochten te studearjen. Oan dyselde universiteit promovearre er op 25 augustus 1819 ta doktor yn de rjochten op it proefskrift Dissertatio Belgica inauguralis de juribus typographorum et opolarum in regno Belgico, oer boekdrukkers, frijheid fan drukparse en copyright. Bodel Nijenhuis troude twa kear: yn 1822 mei Sophia ('Doortje') Tydeman en yn 1827 mei Cornelia Brillenburg. Beide houliken bleaune sûnder bern.
Samler
bewurkje seksjeOp syn tolfde jierdei krige Bodel Nijenhuis fan syn heit in kastke mei lânkaarten. Dat wakkere syn niget foar kaarten oan. Yn 1821 waard Johannes Bodel Nijenhuis offisjeel eigener fan útjouwerij Luchtmans. Yn de praktyk hie Johannes Brill de deistige lieding. Bodel Nijenhuis redigearre ferskate boeken en stelde in soad ferkeapkatalogy gear. Yn dy jierren waard syn leafde foar lânkaarten (en alles wat dêrmei gearhong) fierder ûntwikkele. Yn 1848 stapte er út de útjouwerij en lei him hast folslein ta op it sammeljen fan kaarten. Dêrneist wie Bodel Nijenhuis tusken 1839 en 1861 sekretaris fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde.
Samling
bewurkje seksjeUtjouwerij Luchtmans wie njonken útjouwer ek feilinghûs. Bodel Nijenhuis hie dêrtroch de gelegenheid om ferskate kaartkolleksjes 'mei foarkennis' te keapjen. Op dy wize krige er in grut part fan de kolleksjes fan (ûnder in soad oaren) Johan Meerman (1824), de argivaris Petrus van Musschenbroek (1826), W.T.E. baron Van Heeckeren van Waliën (1824) en Caspar Reuvens (1838). By testamint joech Bodel Nijenhuis it grutste part fan syn enoarme kolleksje oan de Leidske universiteitsbiblioteek. It belang fan dy kolleksje kin net oerskat wurde, de grutte noch minder: sa'n 50.000 lânkaarten, sa'n 22.000 topografyske printen en tekeningen en likernôch 300 atlassen. It grutste part fan de kaarten datearret út de 17e oant de 19e iuw; sawat de helte fan de kolleksje bestrykt de Nederlannen.
Betsjutting
bewurkje seksjeDe betsjutting fan Bodel Nijenhuis foar de Nederlânske kartografy is grut. Hy brocht de grutste partikuliere kaartesamling út de 19e iuw byinoar, joech syn mânske samling by syn libben ta foldwaan fan ûndersikers, publisearre as earste Nederlanner oer de kartografy fan Nederlân en wurke mei oan ferskate útjeften. Dêrmei wie er in pionier yn it histoarysk-kartografysk en dan benammen it kartobibliografysk ûndersyk.
Foarbylden út de Kolleksje Bodel Nijenhuis
bewurkje seksje-
Beliz fan Groenlo
-
Sleeswyk-Holstein troch Marcus Jordanus (16e iuw)
-
Twa ferûngelokke VOC-skippen: 't Vliegent-Hart en d'Anna Catharina (Middelburch, 1735)
-
Sint-Agnetakleaster (Delft)
-
Callantsoog
(Anthonis Metius, 1618) -
Sultan-Mehmed-Fathi-Kompleks, Konstantinopel.
Publikaasjes fan J.T. Bodel Nijenhuis
bewurkje seksjeKarút:
- Johannes Tyberius Bodel Nyenhuis: Dissertatio juridica inauguralis de juribus typographorum et bibliopolarum in regno Belgico. Lugdunum Batavorum, 1819. (Nederlânsktalige útjeft: De wetgeving op drukpers en boekhandel in de Nederlanden tot in het begin der XIXde eeuw. Amsterdam, 1892
- [H.W. Tydeman & J.T. Bodel Nyenhuis]: Catalogus der Bibliotheek van de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde te Leiden. Leiden, 1829
- J.T. Bodel Nijenhuis: Beredeneerde lijst van de kaarten der provincie Utrecht in het algemeen. Utert, 1839
- J.T. Bodel Nijenhuis: De algemeene kaarten van de provincie Friesland. Leiden, 1846
- J.T. Bodel Nijenhuis: Table des matières et des lettres dans le recueil "Archives de la Maison d'Orange-Nassau". (Série 1-2), Leide / Utert, 1847-1862
- J.T. Bodel Nijenhuis: Johan Nieuhof. In: Bijdragen voor Vaderlandsche geschiedenis en oudheidkunde. Nieuwe Reeks III, 1862.
- J.T. Bodel Nijenhuis: Topographische lijst der plaatsbeschrijvingen van het Koningrijk der Nederlanden. Amsterdam, 1862. (Deel 2 o.d.t. Bibliographie der plaatsbeschrijvingen van het Koningrijk der Nederlanden, Toevoegsel. Amsterdam, 1868)
- J.T. Bodel Nijenhuis: Liste alphabétique d'une collection de portraits d'imprimeurs, de libraires, de fondeurs de caractères et de correcteurs d'épreuve. Leyde, 1863-1868
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Johannes Bodel Nijenhuis, DBNL
- W.N. du Rieu: Levensschets van Mr. Johannes Tiberius Bodel Nijenhuis
- Beskriuwing fan de Kolleksje Bodel Nijenhuis yn de Leidske universiteitsbiblioteek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johannes Tiberius Bodel Nijenhuis fan Wikimedia Commons. |