Johannes Sytzes Crack

Johannes Sytzes Crack of Johannes Sixti Crac (* ±1600 - Terbant, 26 april 1652), wie grytman fan Aenjewier.

De famylje kaam fan âlds fan De Kúnder. Johannes sloopte de eardere Crack State en liet yn 1646 it hjoeddeiske Crackstate bouwe, nei in ûntwerp fan Willem de Keyser, in soan fan de ferneamde Amsterdamske arsjitekt Hendrick de Keyser.