Johannes Voorhout (I)
Johannes Voorhout (I) (Uithoorn, 11 novimber 1647 – Amsterdam, foar 12 maaie 1723) wie in Nederlânsk skilder, tekener en dekorassjeskilder.
Hy wie in soan fan de Amsterdamske master-klokmakker Cornelis Voorhout. Fan 1662 oant 1664 wie er warber yn Gouda. Yn 1664 ferhuze er nei Amsterdam, dêr't er tusken 1664 oant 1669 wiersynlik learde by Jan van Noordt. Hy boaske yn 1670 en krige yn 1677 in soan, Johannes Voorhout (II). Iere jierren 70 wurke er yn Hamboarch, dêr't er Matthias Scheits moete, en al yn 1707 festige er him fannijs yn Amsterdam. Hy joech les oan syn soan, dy't him letter as selsstannich skilder festige, earst yn Alkmaar en letter yn Amsterdam.
-
Willem III fan Ingelân op 't hynder, 1670
-
Thús muzyk meitsje, 1674
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johannes Voorhout fan Wikimedia Commons. |