Jacobus Houbraken

Jacobus Houbraken (Dordrecht, doopt 17 desimber 1698Amsterdam, 14 novimber 1780) wie in Noard-Nederlânsk tekener, graveur en keunstsamler. Hy wie in soan fan de keunstner en biograaf Arnold Houbraken (1660-1719), dy't er holp by it meitsjen fan in ferslach fan de libbens fan keunstners út de Nederlânske Gouden Iuw.

Jacobus Houbraken
keunstner
Jacobus Houbraken, selsportret, 1770
Jacobus Houbraken, selsportret, 1770
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne desimber 1698
berteplak Doardt
stoarn 14 novimber 1780
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as graveur, printmakker
offisjele webside
RKD-profyl

Houbraken learde it berop fan etser fan syn heit, Arnold Houbraken. Yn 1707 ferhuze er nei Amsterdam, dêr't er jierrenlang syn heit holp mei dy syn magnum opus; it histoaryske wurk De Groote Schouburgh der Nederlantsche konstskilders en skilderessen (1718-1721).

Nei de dea fan syn heit, holp Houbraken syn mem de lêste hân te lizzen oan it manuskript foardat dit publisearre waard. Dêrnei soe er him dwaande hâlde mei it meitsjen fan etsen fan Nederlânske ferneamdheden. Syn wurk waard beynfloede troch de wurken fan Cornelis Cort, Jonas Suyderhoeff, Gerard Edelinck en John Visscher.

Houbraken lei him hast hielendal ta op it meitsjen fan portretten. Hy waard benammen bekend troch syn gearwurking mei de histoarikus Thomas Birch en keunstner George Vertue. Sy wurken mei-inoar oan in projekt mei de titel Heads of Illustrious Persons of Great Britain, dy 't tusken 1743 en 1752 yn etappes publisearre waard yn Londen.

Tusken 1752 en 1759 wurke Houbraken mei skilder Hendrik Pothoven en de skiedkundige Jan Wagenaar oan dy syn projekt yn 21 dielen Vaderlandsche historie.

It totale oeuvre fan Jacob Houbraken beslacht mear as fjouwerhûndert portretten. Dy portretten waarden faak yn ovaal frame set.