De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen
(Trochferwiisd fan De Groote Schouburgh der Nederlantsche konstskilders en skilderessen)
De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen is in boek troch Arnold Houbraken, yn trije dielen útkaam fan 1718 oant 1721. It boek jout 500 libbensbeskriuwings fan keunstskilders út de 17e iuw. It is dêrtroch in wichtige boarne fan kennis oer de skilders út dy tiid, as ferfolch op it Schilderboeck fan Carel van Mander út 1604. Trittich jier nei Houbraken syn dea waard in twadde útjefte publisearre yn in wat wizige foarm. In faksimilee fan dizze útjefte waard yn 1976 troch útjouwerij B.M. Israel BV te Amsterdam op 'en nij útbrocht.
List fan opnommen skilders
bewurkje seksjeDe nûmers efter de nammen binne keppelings nei harren plak yn de webferzje fan it boek yn de Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letterkunde.