John Dudley North
John Dudley North (Londen, 1893 - Oldbury, Shropshire, 11 jannewaris 1968), CBE, HonFRAeS, MIMechE, wie foarsitter en algemien direkteur fan Boulton Paul Aircraft.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy waard berne op 18 Kinver Road North, Peak Hill, Sydenham, Londen en oplaat oan de Bedford School. North waard haadyngenieur foar Claude Graham-White fan de Grahame-White Aviation Co. Ltd., foardat de Earste Wrâldoarloch útbruts. Dat wie in tige ferantwurdlike funksje foar in jongkeardel yn in jong bedriuw binnen in jonge en fitale yndustry. Yn 1915 waard er superintindint fan de loftfeartôfdieling fan Austin Motor Company.
Yn 1917 kaam er yn tsjinst by Boulton Paul yn Norwich en begûn er syn lange gearwurking mei it bedriuw en syn fleantúchdifyzje, Boulton Paul Aircraft, dy 't foar de Twadde Wrâldoarloch yn Wolverhampton oprjochte waard. North klom yn 1951 op ta direkteur fan Boulton Paul Aircraft en wie ek haadyngenieur fan it bedriuw. Hy gie yn 1954 mei pinsjoen.
By Boulton Paul wie er belutsen by it ûntwerp fan in soad fleantugen, net yn it minst de Overstrand, Sidestrand, Defiant en it loftskip R101, dêr 't it bedriuw de romp fan boude.
Yn 1941 wie North fice-foarsitter fan de Society of British Aerospace Companies (SBAC). Yn maaie 1961 waard er beneamd ta honorary fellow fan de Royal Aeronautical Society en yn 1962 ta CBE.
North troude yn 1922 mei Phyllis Margaret, dochter fan Edward Huggins, klerk fan de Norwich Board of Guardians. It pear krige twa dochters
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|