Josep Bofill Moliné (Barselona, 1942) is in Spaanske byldhouwer.

Barreres Digitals
Your Time
Gioconda Digitals

Biografy bewurkje seksje

As 15-jierrige jonge út in artistike famylje skildere Josep fresko's yn de St. Andreu kapel yn Andorra, tegearre mei syn heit. Net lang dêrnei iepene hy syn eigen studio en eksperimentearre mei nije techniken by it goudsmeien, dêr kaam letter keramysk wurk by. Hy krige syn oplieding oan de Inició sus estudios en la Escuela de Artes y Oficios yn Barselona.

Hy wennet en wurket yn Barselona en kombinearret yn syn keunst tradisjonele wurkwizen út de byldhou- en skilderkeunst mei moderne techniken as fotografy. Kommunikaasje is in wichtich tema yn syn wurk. Syn keunstwerken kinne beskôge wurde as útdrukkings fan tsjinstellings dy't ta ienheid brocht binne. Natoer, maatskippij, kultuer, polityk, wittenskip, alles is op te fetten yn termen fan tsjinpoalen. Ien polariteit is foar Bofill wichtiger as alle oare: de tsjinstelling tusken isolemint en ienwurding, útdrukt yn ekwifalinten as man en frou, binnen en bûten, ljocht en tsjuster, natoer en geast, subjektyf en objektyf, yndividueel en universeel. Bofill´s wurk belichemet in ûntwikkelingsproses wêryn't de geast en matearje, it yndividuele en it universele gearkomme en terane yn de byldzjende keunst. It ûnderlizzende ûnderwerp fan syn keunst is it oanhâldende sykjen nei lykwicht tusken utersten of nei opheffing fan dualiteit. Estetyske skientme is foar him de harmonij tusken tsjinstelde eleminten.

Wurken bewurkje seksje

Skulptueren op publike plakken (karút)
  • Girona, Spanje, Memorial foar de auteur Mercè Rodoreda.
  • Zaragoza, Spanje, Memorial foar San Braulio.
  • Barcelona, Vilanova, Spanje, “L’Alba i el Capvespre”.
  • Hallwill, Switserlân, “Morgen und Abenddämmerung”.
  • Lleida, Spanje, “Reflexió”.
Skulptueren yn private kolleksjes (karút)
  • Katalaanske regearing, Barselona, Spanje, “Allegoria a Sant Jordi”.
  • Musée La Cour d’Or, Metz, Frankryk.
  • Woman’s Catalan Institute, Barselona, Spanje.
  • Miniatuur Museum foar Hjoeddeiske Keunst - Amsterdam
  • General Motors, Detroit, FSA.
  • Chacao Foundation, Karakas, Fenezuela.
  • “United Airlines”, Airport, Hongkong, Sina.
  • “Diputación de Barcelona”, “Communication Awards”, Barselona.
Eksposysjes

Syn wurk wie te sjen op in soad galeryen yn Jeropa û.o. by Absolute Art, Knokke (Belgje), Keunstrai (Nederlân), Art 4, Galery fan de l’Olympe, Perpignan (Frankryk), Museum fan Archeology en Etnografy yn Setúbal (Portegal), Arte Fiera 2000, Gallery Pari & Dispari Bologna (Itaalje), “La Realidad y el Deseo”, Fundación Caja Galícia, Santiago de Compostela (Spanje).

Prizen bewurkje seksje

  • Josep Llimona, Priis foar de “Cercle Artístic de Sant Lluc”, Barselona, 1982.
  • Prix International d'art contemporain de Monte-Carlo, Priis fan de Nasjonale Ried, 2001.

Films bewurkje seksje

  • Atlas de Geografía Humana, regy: Azucena Rodríguez, produksje: Tornasol Films, S.A., 2006.
  • In the secret of emotion, regy: Jean-Pierre Gibrat, produksje: Trans Europe Film, 2003.

Literatuer bewurkje seksje

  • Diccionario de pintores y escultores de España del siglo XX (1994) .- Ed.Forum Artis.- ISBN 978-84-88836-14-4

Keppeling om utens bewurkje seksje