Jouke Douwe de Vries

Jouke Douwe De Vries (1971) is in ûnderwiisadviseur by it Taalsintrum Frysk en wennet yn Dokkum. Hy is dêr ien fan de organisators fan it Fryske jeugd-sjongfestival Sjong.

Jouke Douwe de Vries
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1971
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Frysk
ynstrumint sjonger, piano
jierren aktyf 1986 - no

De Vries sjongt sels al fan syn sânde jier ôf. Hy spilet piano fan syn tolfde ôf en begûn doe ek (Ingelske) ferskes te skriuwen. Yn 1986 wûn er yn in talintejacht fan it Ministearje fan Underwiis, Keunsten en Wittenskippen de earste priis. Sûnt 1998 treedt hy wer op, neist piano ek mei gitaar mar benammen yn it Frysk. Tegearre mei Jelle-An Grijpma foarmet er it duo De Vries & Ko. De Vries ferovere in plak yn de finale fan Liet 2009 mei Dyn jas hinget der noch.

  • Een ruwe Schets (demo CD)"
  • Live fan bân (CD, 1999)