Jouster Bierbrouwerij
Jouster Bierbrouwerij is in bierbrouwerij op De Jouwer dy't oprjochte waard yn 2018 troch Anita Jongsma en Johan Jongsma. De brouwerij is oansletten by CRAFT.
Skiednis
bewurkje seksjeWat begûn as in nijsgjirrige thúshobby groeide út ta plannen foar in kommersjele, lytse brouwerij.
Hjoed
bewurkje seksjeYn 'e brouwerij wurde ferskate soarten boppegistende biersoarten broud, alhiel neffens eigen resept. De bieren wurde ûnder de namme Van Baerdt op de merk brocht. De namme Van Baerdt bier is keazen yn ferbân mei de sterke band dy 't de namme hat mei De Jouwer. De namme komt fan de eardere grietman (boargemaster) fan de doetiidske gemeente Haskerlân Hobbe van Baerdt.
De brouwerij hat gjin priuwlokaal, mar der wurde wol rûnliedings jûn. Ek hat men in online winkel sûnt 2019.
De brouwerij hat in blond bierke makke ta eare fan Andries Noppert, de doelman fan it Nederlânsk fuotbal alvetal, de Tower fan De Jouwer . Fan elke ferkeap fan dit bier giet 50 sint nei it arbeidsmigrantefûns foar Katar.
Assortimint
bewurkje seksje- van Baerdt Amber
- van Baerdt Blond
- van Baerdt Egbert Douwes - Imperial Stout
- van Baerdt IPA
- van Baerdt Lager
- van Baerdt Tripel
- van Baerdt Weizen
- van Baerdt Toren van Joure - blond
- van Baerdt Toren van Joure - witbier
- van Baerdt Tower Tripel
- van Baerdt - Red Beardt - red ale
- van Baerdt Mandarin - blond mei mandarijn toanen
Bieren yn opdracht
- Terra Lager - foar Terra Mannenmode op De Jouwer