Jules Bianchi
Jules Lucien André Bianchi (Nice, 3 augustus 1989 - Nice, 17 july 2015) wie in Frânsk Formule 1 koereur.
Jules Bianchi | ||
Formule 1 | ||
Jules Bianchi (2012) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jules Lucien André Bianchi | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 3 augustus 1989 | |
berteplak | Nice | |
stjerdatum | 17 july 2015 | |
stjerplak | Nice | |
Formule 1 karriêre | ||
jieren aktyf | 2013-2014 | |
autonûmmer | 17 | |
Teams | Marussia (2013-2014) | |
Tal races | 34 (34 starts) |
Bianchi makke by de Grutte Priis fan Austraalje yn 2013 syn debút foar it team fan Marussia.
Yn 2014 by de troch rein pleage Grutte Priis fan Japan makke Bianchi in swiere crash. Fanwegen akwaplaning glied de Sauber fan Adrian Sutil yn de 41ste omgong fan de wedstriid fan de dyk yn de Dunlop-bocht (bocht 7) en bedarre yn de bannesteapel. Wylst de baankommissarissen dwaande wiene mei in shovel de auto fan Sutil fuort te heljen, glied de Marussia fan Jules in omgong letter op 'e selde wize fan de baan en bedarre dêrby mei hege gong tsjin de shovel. De safety car neutralisearre de wedstriid, dy't fanwege de earnst fan de situaasje twa omgongen letter definityf stillein waard. Jules Bianchi waard bewusteleas mei de ambulânse ôffierd nei it sikehûs. Undersyk yn it sikehûs liet sjen dat Bianchi slimme ferwûningen oan 'e harsens oprûn hie. Jules Bianchi rekke nei it ûngelok deryn wei en kaam net mear by kennis. Hy waard yn novimber 2014 fan in sikehûs yn Japan oerbrocht nei in sikehûs yn Nice, mar al dy tiid wie der gjin foarútgong.
Yn de moarntiid fan sneon 18 july 2015 brocht syn famylje yn in ferklearring nei bûten dat Jules Bianch freedtejûn 17 july 2015 yn it sikenhûs yn Nice ferstoarn wie. Hy wie de earste Formule 1-koereur sûnt Ayrton Senna yn 1994 dy't ferstoar oan de gefolgen fan in ûngelok yn in Grutte Priis fan de Formule 1. Jules Bianchi wie in efterneef fan 24 oeren fan Le Mans winner Lucien Bianchi. Syn pake Mauro Bianchi wie yn 'e jieren 1960 ek autokoereur; dat wie in Italjaan dy't him ta Frânsman naturalisearje liet.
Oersjoch Formule 1-karriêre
bewurkje seksje2013 | 2014 | Totaal | |
---|---|---|---|
Oantal races | 19 | 15 | 34 |
Oantal oerwinningen | 0 | 0 | 0 |
Oantal pole-posysjes | 0 | 0 | 0 |
Oantal fluchste omgongen | 0 | 0 | 0 |
Oantal Poadiumplakken | 0 | 0 | 0 |
Oantal WK-punten | 0 | 2 | 2 |
Einstân WK | 19 | 17 |