Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2014
Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2014 yn Oyama op 5 oktober. It wie de fyftjinde race fan 19 races fan de Formule 1 yn 2014. Hy waard op it sirkwy fan Suzuka hâlden. De race waard hâlden oer 44 omgongen, op it 5,8 km lange sirkwy oer in raceôfstân fan 255,5 kilometer. De 53 omgongen dy't de wedstriid eins hawwe soe waard net helle troch it slimme ûngemak fan Jules Bianchi.
Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2014 | ||
Formule 1 | ||
Wedstriid details | ||
datum | 5 oktober 2014 | |
offisjele namme | 2014 Formula 1 Japanese Grand Prix | |
lokaasje | Suzuka International Racing Course Oyama | |
lingte sirkwy | 5,8 km | |
ôfstân | 255.5 km | |
foarige GP | Singapoer | |
folgjende GP | Ruslân | |
It waar | ||
temperatuer | 20°C | |
kondysjes | Rein | |
poadium | ||
1e plak | Lewis Hamilton | |
2e plak | Nico Rosberg | |
3e plak | Sebastian Vettel | |
Pole posysje | ||
koereur pole | Nico Rosberg | |
pole tiid | 1:32.506 | |
Fluchste omgong | ||
fluchste koereur | Lewis Hamilton | |
fluchste tiid | 1:51.600 |
Kwalifikaasje
bewurkje seksje- Pastor Maldonado en Jean-Éric Vergne waarden elk tsien plakken weromset by de start om't se mear motorûnderdielen wiksele hiene as tastien dit seizoen.
Nr | Koereur | Konstrukteur | Q1 | Q2 | Q3 | Plak | Startplak |
---|---|---|---|---|---|---|---|
6 | Nico Rosberg | Mercedes | 1:33.671 | 1:32.950 | 1:32.506 | 1 | 1 |
44 | Lewis Hamilton | Mercedes | 1:33.611 | 1:32.982 | 1:32.703 | 2 | 2 |
77 | Valtteri Bottas | Williams-Mercedes | 1:34.301 | 1:33.443 | 1:33.128 | 3 | 3 |
19 | Felipe Massa | Williams-Mercedes | 1:34.483 | 1:33.551 | 1:33.527 | 4 | 4 |
14 | Fernando Alonso | Ferrari | 1:34.497 | 1:33.675 | 1:33.740 | 5 | 5 |
3 | Daniel Ricciardo | Red Bull-Renault | 1:35.593 | 1:34.466 | 1:34.075 | 6 | 6 |
20 | Kevin Magnussen | McLaren-Mercedes | 1:34.930 | 1:34.229 | 1:34.242 | 7 | 7 |
22 | Jenson Button | McLaren-Mercedes | 1:35.150 | 1:34.648 | 1:34.317 | 8 | 8 |
1 | Sebastian Vettel | Red Bull-Renault | 1:35.517 | 1:34.784 | 1:34.432 | 9 | 9 |
7 | Kimi Räikkönen | Ferrari | 1:34.984 | 1:34.771 | 1:34.548 | 10 | 10 |
25 | Jean-Éric Vergne | Toro Rosso-Renault | 1:35.155 | 1:34.984 | 11 | 20 | |
11 | Sergio Pérez | Force India-Mercedes | 1:35.439 | 1:35.089 | 12 | 11 | |
26 | Daniil Kvyat | Toro Rosso-Renault | 1:35.210 | 1:35.092 | 13 | 12 | |
27 | Nico Hülkenberg | Force India-Mercedes | 1:35.000 | 1:35.099 | 14 | 13 | |
99 | Adrian Sutil | Sauber-Ferrari | 1:35.736 | 1:35.364 | 15 | 14 | |
21 | Esteban Gutiérrez | Sauber-Ferrari | 1:35.308 | 1:35.681 | 16 | 15 | |
13 | Pastor Maldonado | Lotus-Renault | 1:35.917 | 17 | 22 | ||
8 | Romain Grosjean | Lotus-Renault | 1:35.984 | 18 | 16 | ||
9 | Marcus Ericsson | Caterham-Renault | 1:36.813 | 19 | 17 | ||
17 | Jules Bianchi | Marussia-Ferrari | 1:36.943 | 20 | 18 | ||
10 | Kamui Kobayashi | Caterham-Renault | 1:37.015 | 21 | 19 | ||
4 | Max Chilton | Marussia-Ferrari | 1:37.481 | 22 | 21 | ||
Tiid 107% regelemint: 1:40.163 |
Pole posysje | Nico Rosberg | Mercedes | 1:32.506 |
---|
De wedstriid
bewurkje seksjeDe race stie yn it ramt fan de sykloan "Phanfone", dy't de dei nei de wedstriid oer it sirkwy lûke soe en yn de race al foar in soad buien soarge. Om't it bot reinde by de start fan de wedstriid waard begûn efter de safety car. Nei twa omgongn efter de safety car besleat de wedstriidlieding dat it te hurd reinde om trochride te kinnen en waard de wedstriid stillein. Tweintich minuten letter waard de wedstriid ferfette en yn omgong 10 ried de safety car de pitstrjitte yn, wêrnei 't de wedstriid echt begjinne koe. Fernando Alonso moast syn auto yn dizze safetycarfaze mei elektryske problemen neist de baan sette.
Fanwegen akwaplaning glied de Sauber fan Adrian Sutil yn de 41ste omgong fan de wedstriid fan de dyk yn de Dunlop-bocht (bocht 7) en bedarre yn de bannesteapel. Wylst de baankommissarissen dwaande wiene mei in shovel de auto fan Sutil fuort te heljen, glied de Marussia fan Jules Bianchi in omgong letter op 'e selde wize fan de baan en bedarre dêrby mei hege gong tsjin de shovel. De safety car neutralisearre de wedstriid, dy't fanwegen de earnst fan de situaasje twa omgongen letter definityf stillein waard. Jules Bianchi waard bewusteleas mei de ambulânse ôffierd nei it sikehûs. Undersyk yn it sikehûs liet sjen dat Bianchi slimme ferwûningen oan 'e harsens oprûn hie. Jules Bianchi rekke nei it ûngelok yn koma en kaam net mear by kennis. Hy waard yn novimber 2014 fan in sikehûs yn Japan oerbrocht nei in sikehûs yn Nice, mar al dy tiid wie der gjin foarútgong. Nei hast in jier yn koma ferstoar de koereur op 17 july 2015 oan syn ferwûnings.
De wedstriid waard wûn troch Lewis Hamilton, dy't teamgenoat Nico Hulshoff yn omgong 29 ynhelle. Sebastian Vettel einige oarspronklik as fjirde, mar de regleminten bepale dat nei in reade flagge de útslach fêststeld wurdt oan de hân fan de stân in omgong earder. Dêrtroch behelle Vettel it tredde plak foar teamgenoat Daniel Ricciardo.
Utslach Grutte Priis
bewurkje seksje- Pastor Maldonado krige in straf fan 20 sekonden om't er te hurd riden hie yn de pitstrjitte.
- Jules Bianchi en Adrian Sutil waarden al klasseare om't se 90% fan de wedstriid útriden hiene.
Plak | Nû | Koereur | Team | Omgongen | Tiid/Utfallen | Startplak | Punten |
---|---|---|---|---|---|---|---|
1 | 44 | Lewis Hamilton | Mercedes | 44 | 1:51:43.021 | 2 | 25 |
2 | 6 | Nico Rosberg | Mercedes | 44 | + 9.180 | 1 | 18 |
3 | 1 | Sebastian Vettel | Red Bull-Renault | 44 | + 29.122 | 9 | 15 |
4 | 3 | Daniel Ricciardo | Red Bull-Renault | 44 | + 38.818 | 6 | 12 |
5 | 22 | Jenson Button | McLaren-Mercedes | 44 | + 1:07.550 | 8 | 10 |
6 | 77 | Valtteri Bottas | Williams-Mercedes | 44 | + 1:53.773 | 3 | 8 |
7 | 19 | Felipe Massa | Williams-Mercedes | 44 | + 1:55.126 | 4 | 6 |
8 | 27 | Nico Hülkenberg | Force India-Mercedes | 44 | + 1:55.948 | 13 | 4 |
9 | 25 | Jean-Éric Vergne | Toro Rosso-Renault | 44 | + 2:07.638 | 20 | 2 |
10 | 11 | Sergio Pérez | Force India-Mercedes | 43 | + 1 Omgong | 11 | 1 |
11 | 26 | Daniil Kvyat | Toro Rosso-Renault | 43 | + 1 Omgong | 12 | |
12 | 7 | Kimi Räikkönen | Ferrari | 43 | + 1 Omgong | 10 | |
13 | 21 | Esteban Gutiérrez | Sauber-Ferrari | 43 | + 1 Omgong | 15 | |
14 | 20 | Kevin Magnussen | McLaren-Mercedes | 43 | + 1 Omgong | 7 | |
15 | 8 | Romain Grosjean | Lotus-Renault | 43 | + 1 Omgong | 16 | |
16 | 13 | Pastor Maldonado | Lotus-Renault | 43 | + 1 Omgong | 22 | |
17 | 9 | Marcus Ericsson | Caterham-Renault | 43 | + 1 Omgong | 17 | |
18 | 4 | Max Chilton | Marussia-Ferrari | 43 | + 1 Omgong | 21 | |
19 | 10 | Kamui Kobayashi | Caterham-Renault | 43 | + 1 Omgong | 19 | |
20 | 17 | Jules Bianchi | Marussia-Ferrari | 41 | ûngemak | 18 | |
21 | 99 | Adrian Sutil | Sauber-Ferrari | 40 | ûngemak | 14 | |
Ret | 14 | Fernando Alonso | Ferrari | 2 | Elektroanysk probleem | 5 |
Fluchste omgong | Lewis Hamilton | Mercedes | 1:51.600 |
---|
Top fiif yn it wrâldkampioenskip nei de wedstriid
bewurkje seksje
|
|