Jules Froment (Lyon, 18781946) wie in Frânsk neurolooch. Hy promovearre yn 1906 op in stelling oer hertsyktes dy't ferbân hâlde mei hypertyreödy (in skyldkliersykte). In grut part fan syn karriêre wie er heechlearaar yn Lyon.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Froment is yn it ûnthâld bleaun fanwege syn wurk mei neurologypasjinten. Yn de Earste Wrâldkriich siet er yn Rennes, dêr't er soldaten mei senuwsteurings behannele. Nei de oarloch skreau er yn 'e mande mei Joseph Babinski (1857-1932) in wichtich wurk oer de etiology fan ferskynsels lykas shell shock en 'oarlochshystery'. De stúdzje hiet Hystérie, pithiatisme et troubles nerveux d'ordre réflexe en neurologie de guerre en waard yn dy tiid as kontroversjeel beskôge.

Froment en Babinsky harren fertsjinsten binne ek it beskriuwen fan in sykte dy't skaaimerke wurdt troch in kombinaasje fan by fasomotoryske steurnissen, spieratrofy en weefselskea, dy't no bekend is as it Babinski-Froment syndroom.

Froment hat fierders it betinken fan in tal tests om senuwdyfunksje te ûndersykjen op syn namme brocht, ûnder oaren in ienfâldige manier om swakte fan de nervus ulnaris (de earmtakkesenuw) te testen: at in pasjint in fel papier tusken de tomme en wiisfinger fêsthâldt en de tomme bûgt dan wiist dat op palsy fan de nervus ulnaris. De test wurdt brûkt om de kondysje fan de flexor pollicis brevis (ien fan spieren dy't de tomme bûgt) fêst te stellen.

  • La préhension dans les paralysies du nerf cubital et le signe du pouce; La presse médicale, Parys, 1915, 23: 409.
  • Heredodegenerations retinienne et spino-cerebeleuse; variantes ophtalmoscopiques et neurologique présentés par trois generations successive Journal de médecine de Lyon, 1937: 153-163.
  • Troubles nerveux d’ordre reflexe. Yn: Hysterie, pithiatisme et troubles nerveux d’ordre reflexe. J. Babinbski, J. Froment: Parys, Masson, 1917.

Keppeling om utens

bewurkje seksje