Julia Blackburn
Julia Blackburn (Londen, 1948 - ) is in Britsk skriuwster fan fiksje en non-fiksje. Hja is de dochter fan de dichter Thomas Blackburn en de skilderesse Rosalie de Meric[1](1916-1999).
Julia Blackburn | ||
skriuwer | ||
Julia Blackburn, 2013 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 1948 | |
berteplak | Londen | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Roman, biografy | |
offisjele webside | ||
http://juliablackburn.com/ |
Yn 1999 boaske se oan de Nederlânske byldhouwer Herman Makkink (1937-2013).
Jonkheid
bewurkje seksjeJulia waard grutbrocht yn in tige ynstabile hûshâlding. Julia wie iennichst bern en miste bruorren en suskes doe't hja jong wie. Har mem hie twa miskreammen hân. Har heit wie ferslaafd oan alkohol en barbituraten en brûkte somtiden geweld by skeel mei syn frou. Julia koe lykwols goed mei him, wie net benaud foar him. De ferhâlding mei har mem wie as mei in suster en fertrouweling fan jongs ôf oan. Letter sloech dat om yn haat doe't it houlik striemin waard. Nei Julias' berte woe heit net mear by mem sliepe, heit en Julia koene sa goed meielkoar, heit bleau aardich foar Julia nei de skieding, allegear dingen dy't Julia kwea ôf naam waarden. Flak foar har dea yn 1999 kaam mem Rosalie, dy't leukemy hie, by Julia yn en waard der noch in soad út it ferline dúdlik foar Julia en hawwe sy noch in goed skoft tiid meiinoar hân.
Har âlden hiene beide ferhâldings mei oaren om elkoar oergeunsich te meitsjen. Yn 1966 kaam it safier dat de ekshibysjonistyske Rosalie Julia ek as seksuele rivale begûn te sjen. Julia's âlden hiene kunde oan de skilder Francis Bacon en har heit rekke sels fereale op him.
Doe't Julia 13 jier wie, giene har âlden út elkoar en doe't hja 18 jier wie flechte hja fan hûs mei har memme folle âldere freon Hans, in Nederlanner.
Julia Blackburn ferhellet wiidweidich oer har jeugd yn The Three of Us: a Family Story (2008). Dêr docht út bliken hoe't hja har hiele jeugd hinne en wer skuord waard tusken leafde en haat foar har âlden[2] Mei Wij drieën wûn sy de prestiizjeuze PEN/Ackerley Prize 2009 foar bêste literêre autobiografy.
Bibliografy
bewurkje seksjeRomans
bewurkje seksje- The Book of Colour (1995) (Nominaasje foar de Orange Prize 1996)
- The Leper's Companions (1999) (Nominaasje foar de bêste roman fan 1999 James Tait Black Memorial Prize, en nominaasje foar de Orange Prize 1999)
- My Animals and Other Family (2007)
Non fiksje
bewurkje seksje- Charles Waterton, 1782-1865: Conservationist and Traveller (1991).
- Nederlânske oersetting: Charles Waterton: De eerste natuurbeschermer,1990. Utjouwerij G. A. van Oorschot, Amsterdam.
- Daisy Bates in the Desert: A Woman's Life Among the Aborigines (1994). Oer Daisy Bates, in Ingelske frou dy't 30 jier by de Aboriginals wenne.
- The Emperor's Last Island: Journey to St.Helena (2000).
- Nederlânske oersetting: Het laatste eiland van de keizer: Een reis naar Sint Helena,1992. Utjouwerij G. A. van Oorschot, Amsterdam. Oer Napoleon Bonaparte op Sint Helena en eat oer de skiednis fan dat eilân.
- Old Man Goya (2002) Oer de Spaanske skilder, Francisco José De Goya y Lucientes.
- With Billie (2005) )[3] Oer de bluessjongster Billie Holiday.
- The Three of Us: A Family Story (2008).
- Nederlânske oersetting troch Paul van der Lecq: Wij drieën, De Bezige Bij, Amsterdam (2010).
- Thin Paths: Journeys In and Around an Italian Mountain Village (2011)
- Threads: The Delicate Life of John Craske (2015)
- Timesong: Searching for Doggerland (2019).
- Nederlânske oersetting: Lied van de tijd, De Bezige Bij (2019)
- Dreaming the Karoo, A People Called the /Xam (2020)
Prizen en ûnderskiedings
bewurkje seksje- 2019 Wainwright Prize, shortlist, Time Song: Searching for Doggerland[4]
- 2012 Dolman Best Travel Book Award, shortlist, Thin Paths: Journeys in and around an Italian Mountain Village
- 2011 Costa Book Awards (biografy), shortlist, Thin Paths: Journeys In and Around an Italian Mountain Village
- 1999 Orange Prize, shortlist, The Leper's Companions
- 1999 James Tait Black Memorial Prize (Bêste roman), nominaasje, The Leper's Companions
- 1996 Orange Prize, shortlist, The Book of Colour
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|