Thomas Blackburn
Thomas Eliel Fenwick Blackburn (Hensingham, Cumberland, 10 febrewaris 1916 – Wales, 13 augustus 1977) wie in Britsk dichter.
Biografy
bewurkje seksjeHy studearre in skoftke rjochten oan it Selwyn College yn Cambridge, die dêrnei in kursus psychology oan de Universiteit fan Londen, ear't er útein sette mei syn stúdzje Ingelsk oan de Universiteit fan Durham. Nei syn ôfstudearjen ferfear er nei Londen en rekke er belutsen by de literêre rûnte fan Soho. Hy hie in Gregory Fellowship in poetry oan de Universiteit fan Leeds tusken 1956 en 1958.
Hy troude trije kear. Mei syn twadde frou Rosalie de Meric krige er in dochter, Julia Blackburn. Hy stoar oan in harsensblieding yn Wales. [1]
Blackburn wie dosint oan it College of St. Mark and St. John yn Chelsea yn Londen, mar ek oan oare ûnderwiisynstituten.[2]
Wurk (karút)
bewurkje seksjedichtbondels:
- The Holy Stone (1954),
- A Smell of Burning (1961),
- A Breathing Space (1964),
- The Fourth Man (1971),
- Selected Poems (1976),
- Post Mortem (1977).
romans:
- A Clip of Steel (1969), autobiografyske roman
- The Feast of the Wolf (1971).[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|