Julia Channel, echte namme: Julia Pinel (Parys, 3 novimber 1973), is in Frânsk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek aktyf is as mainstream-tillefyzje- en filmaktrise, presintatrise, sjongster en ûndernimster. Se hat ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Julia Chanel, Lydia Channel, Lydia Channell, Giulia Channel, Giuly Chanel, July Chanel, Julia Snow, Lady Shanne, Giulia Santos, Julia Sow, Giulia Sow en Ute Wolf.

Julia Channel
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Julia Chanel, Lydia Channel,
Lydia Channell, Giulia Channel,
Giuly Chanel, July Chanel,
Julia Snow, Lady Shanne, Giulia
Santos, Julia Sow, Giulia Sow,
Ute Wolf
echte namme Julia Pinel
nasjonaliteit Frânsk
berne 3 novimber 1973
berteplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
Italjaansk
Malineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19921996
offisjele webside
www.juliachannel.com

Channel groeide op yn 'e Frânske haadstêd Parys, as de dochter fan in Fransêze dy't foar in part fan Italjaansk komôf wie en in heit dy't út it Afrikaanske Maly kaam. (Underskate boarnen wolle hawwe dat har heit in Egyptner wie, mar yn har autobiografy hâldt Channel út dat er in Malinees wie, en sy sil it sels wol it bêste witte, tink.) Hja begûn har karriêre yn 'e iere 90-er jierren, doe't se neaken posearre foar blêden as de Playboy en de Penthouse (febrewaris 1992). Se makke har debút yn in pornografyske film yn 1992. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 120 pornofilms, de measten fan itsij Frânske, itsij Italjaanske makkelei. It lêste jier fan har pornokarriêre brocht Channel troch yn 'e Feriene Steaten, dêr't se in kontrakt ôfsleat mei it label Vivid Entertainment, en û.o. mei regisseur Andrew Blake wurke. Yn 1996 liek it der eefkes op dat se it HIV-firus oprûn hie. Aldergeloks rûn dat mei in skamper ôf, mar Channel wie der wol sa kjel fan wurden dat se har weromloek út 'e pornoyndustry. Yn 1998 wûn se in eare-Hot d'Or (of in Hot d'Or d'honneur) foar har hiele oeuvre (de Hot d'Or is de wichtichste Jeropeeske pornografypriis).

Njonken har pornokarriêre, en nei't se dy beëinige hie, spile se ek yn guon mainstream-films, lykas Les Truffes (1994), wêrby't har tsjinspiler Jean Reno wie, Frères (1994), Coup de Vice (1996) en Recto/Verso (1999). Fierdersoan hie se ek de haadrol yn in searje eroatyske (mar net pornografyske) tillefyzjefilms dy't produsearre en útstjoerd waarden troch de Frânske stjoerder M6, en presintearre se yn 2001 it tillefyzjeprogramma Le Journal du Hard, op Canal+. Ek wie se te sjen yn in stikmannich hiphop-fideoklips, wêrûnder dy fan 'e nûmers Course Vite'group, fan 'e Frânske band Silmarils (1995), en Judgement Day, fan 'e Amerikaanske rapper Method Man (1998). Boppedat presintearre se it muzykprogramma Hip Hop Channel foar de stjoerder MCM. Yn 2010 sette se útein mei har eigen karriêre as sjongster en brocht de single All I Want fan har debútalbum Colours út. Yn 'e fideoklip fan har nûmer Forever in a Day, út 2012, spile de fuotbalspiler Didier Drogba mei. Julia Channel skreau yn 2008 har autobiografy, titele L'Enfer Vu du Ciel ("De Hel Besjoen út 'e Himel Wei"). Yn 2010 sette se fierders ek noch in eigen datingwebside foar allinnichsteanden op ûnder de namme Mecacroquer.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1998 Hot d'Or wûn Hot d'Or d'honneur hiele oeuvre

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.