Juno Beach
Part fan D-Day

Kanadezen lannen yn Normandje
datum: 6 juny 1944
plak: Normandje, Frankryk
útkomst: Alliearde oerwinning
konfliktpartijen
Kanada
Feriene Keninkryk
Nazy-Dútslân

befelhawwers
Rod Keller
John Crocker
Wilhelm Richter

sterkte
21.400 7.771
ferliezen
340 deaden
547 ferwûnen
47 kriichsfinzenen
ûnbekend


Juno Beach wie de koadenamme van in stik strân yn Normandje yn Frankryk, dêr't de alliearden yn de Twadde Wrâldkriich lannen om West-Europa te befrijen fan it nazydom. Om't dit it stik strân wie dêr't de Kanadezen oan lân gyngen wurdt it ek wol it Kanadeeske strân neamd.

Lokaasje bewurkje seksje

Juno Beach leit tusken Saint-Aubin-sur-Mer yn it easten en in plak tusken de twa stedsjes La Rivière-Saint-Sauveur en Courseulles-sur-Mer yn it wêst. It lâningsgebiet fan Juno Beach wie nochris yn twa stikken ferdield, "Mike" en "Nan". Yn it ramt fan de Operaasje Overlord wie dit stik strân oan de Kanadeeske troepen tawiisd. It lei tusken de twa Britske lâningsstrannen Sword en Gold yn.

Op 6 juny 1944 lâne de 3e Canadian Division ûnder generaal-majoar Rod Keller mei help fan de Royal Marines Commandos op Juno Beach.

Ferdigening bewurkje seksje

 
Juno Beach

Nei Omaha Beach waard Juno Beach fan de oare strannen it bêst troch de Dútske Wehrmacht ferdigene. Oars as Omaha is it strân fan Juno flakker. De Dútsers hiene dêrfoar oer wol in hegere keunstmjittige wâl oanlein en yn it wetter leine mear minen. Omaha hie 30 meter hege klippen en wie dreech yn te nimmen, wylst de Dútske stellings frij sjitten hiene op it strân.

Fan Dútske kant moast de 716. Infanterie-Division ûnder generaal Wilhelm Richter it strân ferdigenje. De Dútsers hiene hjir alve swiere batterijen mei 155-mm-geskut en njoggen batterijen mei 75-mm-geskut. Dêrnjonken leine der foar de Kanadezen oer in grut tal bunkers, fral oan de kant fan Courseulles-sur-Mer. De Dútske troepen fan de 716. Infanterie-Division bestiene foar it meast ûnder tige jonge soldaten en manlju âlder as 35, foar in grut part feteranen mei beheinings út de oarloch tsjin de Sovjet-Uny.

Tarieding bewurkje seksje

De nachts hiene loftoanfallen op de Dútske stellings gjin grutte skea feroarsake. Tusken 06:00 en 07:30 oere hiene skippen flak foar de lâning de stellings besketten, mar it slagge de alliearden mar om ien op de sân bunkers oan it strân út te skeakeljen. Doe't ek de lâning fanwegen it waar noch in goed heal oere útsteld wurde moast, krige de ferdigening noch wat ekstra tiid om harren op 'e nij te formearjen.

Lâning bewurkje seksje

 
Kanadeeske slachtoffers

De oanfal waard troch de 3rd Canadian Division útfierd. Fan de amfibyske tanks fan de 2nd Canadian Tank Brigade dy't de ynfantery ûnderstypje moasten kaam fanwegen de rûge see mar in lyts diel mei de earste soldaten oan. Oan de eastlike kant wie de see noch rûger en dêr moasten de troepen it hielendal sûnder tanks dwaan. De earste oanfalsweach gyng dêrtroch mank mei in hiel soad slachtoffers. Dochs slaggen de soldaten der yn om troch te brekken.

 
Dútsers by Courseulles-sur-Mer dy't har op 6 juny oerjoegen oan de Kanadezen

Yn it earste oere fan de lâning hiene de Kanadezen te krijen mei swiere ferliezen. De swiere ferliezen wiene te fergelykjen mei dy fan de Amerikaanske lâning op Omaha Beach. De pear tanks dy't lykwols wol oan lân kamen, slaggen der yn om de troch de Dútsers ferdigene posysjes mei súkses yn te nimmen. De tanks ferneatigen de hûzen oan it strân, wêryn't de Dútsers noch gau stelling nommen hiene. Nei in oere koene de Kanadezen oer de wâl hinne en mei de tanks it efterlân yn. No't de Kanadezen der yn slaggen de oare kant fan de Dútske ferdigening te heljen wie it makliker om fan dêr út de minder goed ferdigene kant oan te fallen.

Tsjin de middei wie de hiele 3rd Canadian Division oan lân en al in pear kilometer yn it efterlân optein. De Kanadezen namen de brêgen oer de rivier de Seulles yn en om 18:00 oere wie ek it stedsje Saint-Aubin-sur-Mer yn Kanadeeske hannen. In groep fan de 6th Canadian Tank Brigade koe sels 15 kilometer it lân yn trochstjitte en wist de Route Nationale 13 tusken Caen en Bayeux ôf te sluten. Mar sûnder stipe fan de ynfantery waard nei in pear oere besletten om dy posysje wer op te jaan en werom te lûken nei de rest fan it front.

Tsjin it ein fan D-Day wiene de Kanadezen fierder as de oare alliearde troepen. De Kanadezen ferlearen dy deis 359 soldaten en nochris 715 rekken ferwûne. It doel wie om noch dyselde jûn de Britske troepen fan Sword Beach en Gold Beach en de Amerikaanske troepen fan Omaha Beach te moetsjen, mar de Kanadezen troffen allinne, likernôch 10 kilometer it lân yn, de troepen fan Gold. De oare deis moeten de Kanadezen ek de troepen fan Sword, mar de troepen fan Omaha folgen pas op 8 juny.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.