De Jurjensleat is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart foarme foar de gemeentlike weryndieling de grinsfeart tusken de gemeenten Wymbritseradiel en Skarsterlân. De feart is in ûnderdiel fan de ferbining tusken de Langwarder Feart mei de Goaiïngarypster Puollen. Fan de Langwarder Feart hjit it earste dielen de Steatebocht en it Stobberak, foarby it fiadukt ûnder de A7 krijt it de namme Hoarsewei en Jurjensleat. De Jurjenssleat rint dan fierder troch de Langsturtepoel en de Frijgerssleat nei de Goaiïngarypster Puollen.

De namme Jurjensleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Jurgenssloot.