Kaap (beaken)

(Trochwiisd fan Kaap (skipsbeaken))

In kaap of seekaap is in beaken foar de skipfeart en is in markant punt yn it lânskip dêr't it gebrûk fan iuwen tebek giet. Kapen waarden boud op sânplaten, it ein fan in pier of in daam of op in dúntop.

De Kugelbake fan Cuxhaven, Dútslân

BouBewurkje

In kaap hat ornaris gjin ljocht en is deis goed werkenber troch syn eigen foarm.

Der binne metalen en houten kapen. Kapen fan hout hawwe meast in fjouwerkante grûnfoarm en besteane út fjouwer peallen dy't skean tsjininoar set binne, dêr't in spesifike houten foarm op fêstmakke is. In metalen kaap is trochstrings in iepen toer of stellaazje, makke fan bygelyks getten izer, mei meast in seishoekige foarm.

EtymologyBewurkje

"Kaap" as oantsjutting foar in beaken foar de skipfeart hat in oare etymologyske oarsprong as "kaap" yn bygelyks Kaap de Goeie Hope. Dat lêste is ôflaat fan capo (haad), wylst de earste fan 'útsjen' ("uitkijck") komt.[1]

NederlânBewurkje

Yn Nederlân binne de neifolgjende kapen bekend:

Plak Namme Boujier Materiaal Gps lokaasje
Oosterend (Teksel) [2] Izeren Kaap 1854 getten izer 53°04.700' N 4°53.900' E
De Kalkman [3] 2007 hout 53°27.327' N 6°03.474' E
Skiermûntseach Willemsdún 1967 hout 53°29.842' N 6°17.935' E
Skiermûntseach Kobbedunen ûnbekend hout 53°29.200' N 6°13.600' E
Rottumereach [4][5][6] Emderkaap 1883 getten izer 53°32.652' N 6°34.650' E
Skylge Noardkaap, Lytse kaap 1978 stiel 53°26.456' N 5°30.903' E
It Gryn ûnbekend hout 53°15.120' N 5°15.060' E

DútslânBewurkje

Yn Dútslân is de Kugelbake fan Cuxhaven in bekende kaap dy't ek yn it stêdswapen opnomd is.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Woordenboek der Nederlandsche Taal
  2. IJzeren Kaap
  3. Rijkswaterstaat plaatst nieuwe kaap op Engelsmanplaat
  4. Rottemeroog/Rottum
  5. De Kaap
  6. Tocht naar Rotumeroog