Kachess (rivier)
De rivier de Kachess is in sydrivier fan de Yakima yn de Amerikaanske steat Washington. It ûntspringt yn de Chickamin Rige in it Alpine Lakes Wilderness krite yn it Cascades berchtme op in hichte fan 1480 m.. De rivier rint súdlik yn it Kachess Mar, in natoerlik mar brûkt as opslach boezem. Oan de súdkant fan it mar wurdt de útfier regele troch de Kachessdaam, in keardaam fan 35 m heech. Dêrnei rint de rivier súdlik wêrnei it útmûnet yn de rivier de Yakima op in hichte fan 666 m. De rivier is part fan it Columbia River Basin, it bekken fan de rivier de Kolumbia, om't de Kachess in sydrivier is fan de Yakima, dy op syn bart wer in sydrivier is fan de Kolumbia.