Kalkgerslângroukopke

Kalkgerslângroukopke
Spialia sertorius.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Hespiriidea)
soarte
Spialia sertorius

Kalkgerslângroukopke (“Spialia sertorius”) is in soarte yn de famylje fan de Spialia.

FoarkommenBewurkje

It Kalkgerslângroukopke is as stânflinter út Nederlân ferdwûn. Der hat lange tiid in populaasje west yn súd Limburch mar dizze is jammer genôch útstoarn. De meast tichtbye populaasje is yn it Belgyske diel fan de Faalskerberch. In ein fan Nederlân is dat net fuort. Der is dan ek noch altyd hoop dat de flinter wer yn Limburch komt.

Op de reade list stiet dizze flinter as ferdwûn.

FlinterBewurkje

De wjuklingte is likernôch 11 mm. Flinters dy’t krekt út de pop komme kist goed werkenne oan de reade ûnderkant fan de wjukken. Flinters dy’t al in pear dagen fleane hawwe dizze reade ûnderkant net mear. Op de foarwjuk oan de foarkant binne in pear wite plakken.

FleantiidBewurkje

De flinter fleant fan begjin maaie ôf oant ein juny. De flinter fleant faak yn ien generaasje, soms yn twa.

RûpBewurkje

De aaikes wurde ien foar ien ôfset op de weardplant. De Lytse Pimpernel is de plant wêr't de rûpen fan ite. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp.

Sjoch ekBewurkje