Kamera obskura

(Trochferwiisd fan Kamera obscura)

In kamera obskura (Latyn foar donkere keamer) is in fertsjustere romte wêrby't yn ien fan de wanden in lyts gatsje makke is, letter ek wol in lins. It dêrtroch ynfallende ljocht smyt in ôfbylding fan de bûtenwrâld op de wand dêr foaroer. Krekt as by it ôfbyldzjen troch in lins, wurdt de bûtenwrâld op syn kop ôfbylde. As de efterwand fan de kamera obskura trochskinend makke wurdt (bygelyks mei matglês) is de ôfbylding fan bûtenôf te sjen.

In kamera obskura út 1772

In bysûnder aspekt fan de kamera obskura is dat de opnamen in ûneinige skerpte hawwe, alteast de ferzjes sûnder lins.

Eardat de ljochtgefoelige plaat ûntdekt waard (± 1800) wie de kamera obskura in merke-attraksje. Men koe de wrâld ommers bûten sûnder sjoen te wurden begluorkje. Mei spegels waard der foar soarge dat de ôfbylding wer rjochtoerein kaam te stean. Keunstskilders brûkten de kamera obskura as helpmiddel om de werklikheid sekuer oernimme te kinnen op harren doek. Yn de Fiktoriaanse tiid waarden der kamera obskura's boud mei in grutte fan in hûs, dêr't men tsjin betelling de omjouwing besjen koe. Yn Grahamstad yn de Eastkaap-provinsje fan Súd-Afrika kin soks noch altiten en ek yn Cadiz yn Spanje. Dy lêste sit yn in âlde toer.

De Nederlanner Nicolaas Beets skreau yn 1839 ûnder de skûlnamme Hildebrand syn boek: Camera Obscura.