De Kamtsjatkamarmot (Latynske namme: Marmota camtschatica) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat lânseigen is op it Kamtsjatka-skiereilân, yn it uterste easten fan Sibearje. Dizze soarte waard yn 1811 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Peter Simon Pallas.

Kamtsjatkamarmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota camtschatica
Pallas, 1811
IUCN-status: net bedrige

De Kamtsjatkamarmot ûnderskiedt him fan oare soarten marmotten troch syn tekening: hy hat in gielige bealch en in grize rêch, mar de pels boppe op syn kop is swart. Dêrfandinne syn Ingelske namme: black-capped marmot, "swartpetmarmot". De Kamtsjatkamarmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: marmot References, op dizze side.