De Karakumof Karakûm, ek wol Kara-Kum en Gara Gum (“Swart Sân”) (Turksk: Karakum, Russysk: Каракумы; Karakoem) is in woastyn yn Sintraal-Aazje. De woastyn beslacht 70% (sa’n 350.000 km²) fan Turkmenistan. It gebiet is tige tinbefolke, likernôch ien persoan de 6,5 km². It reint dêr faak mar ienris yn de tsien jier.

Lizzing fan de Karakum (mids-lofts), yn it giel de âlde siderûte
Yn de Karakum

Lokaasje bewurkje seksje

De woastyn leit beëasten de Kaspyske See, mei de Aralmar yn it noarden, en de rivier Amu Darja en de woastyn Kyzylkum yn it noardeasten.

Hydrografy bewurkje seksje

De Murghabrivier en Tejenrivier streame út it Hindoekoesjberchtme wei nei it suden en wurde wei yn de woastyn, dêr’t har wetter foar irrigaasje brûkt wurdt.

De woastyn rint it grutste irrigaasjekanaal fan de wrâld trochhinne, it Karakûmkanaal. De oanlis fan it kanaal waard yn 1954 mei úteinset. It is 1.375 km lang en der giet 13-20 km³ wetter it jier trochhinne. Lekkerij fan it kanaal binne marren en fivers oan de kades troch ûntstien.

Ekonomy en ferfier bewurkje seksje

De oazes fan Mary en Tejen binne ferneamd om har katoenplantaazjes. It gebiet hat ek in grutte foarrie ierdoalje- en ierdgas. De woastyn wurdt trochkrúst troch it Trans-Kaspyske spoar