Karel van Mander

(Trochferwiisd fan Karel fan Mander)

Karel of Carel van Mander (Meulebeke, maaie 1548Amsterdam, 11 septimber 1606) wie in keunstskilder en skriuwer fan Súd-Nederlânske komôf. Hy wurdt foaral te binnen brocht fanwege de biografyen fan Nederlânske skilders. As keunstner spile er in wichtige rol yn it noardlik maniërisme yn de Nederlannen.

Karel fan Mander, út syn Schilder-boeck'
Carel fan Mander op syn stjerbêd troch J. de Gheyn II, Frankfurt, Städelsches Kunstinstitut.
Tún fan leafde, 1602

Fan Mander waard berne yn in aadlike famylje út Meulebeke dat no yn in West Flaanderen leit. Hy studearre by Lucas de Heere yn Gint, en yn 1568-1569 ûnder Pieter Vlerick fan Kortrijk. De folgjende fiif jier wijde er oan it skriuwen fan religieuze stikken dêr't er ek de dekors fan skildere. Dan wennet er trjie jier yn Rome (1574-1577), dêr't er de earste west hawwe soe dy't de katakomben ûntduts. Op de weromreis gie er oer Wenen, dêr't er mei de byldhouwer Hans Mont, in triomfbôge foar keizer Rudolf makke.

Yn 1583 set er him ta wenjen yn Haarlim. Yn dat plak soe er tweintich jier wenje en arbeidzje. Hy hie dêr mei Kornelis fan Haarlim en Hendrick Goltzius in 'akademy', fermoedlik in lyts stúdzje-atelier, dêr't neakene modellen tekene waarden, wat doetiids eins net mocht.[1]. Hja wikselden opfettings oer keunst út, benammen oer it maniërisme.

Fan Mander skildere, dichtte en skreau proaza.

Ta Fan Manders learlingen hearde neffens ferskate boarnen Frans Hals. Yn 1603 loek er him werom op kastiel Sevenbergen yn Heemskerk, en dêrnei yn Amsterdam, dêr't er stoar yn de âldens fan 58 jier. 'Als de doot komt daer en is geen anderen raet, dan stille legghen en sterven,' soe er doe sein hawwe.

Fan Manders syn wichtichste boek is sûnder mis Het Schilderboeck, dat yn 1604 ferskynde. It boek wie bedoeld as hanlieding foar skilders dy't ferhalen út de klassike mytology ôfbyldzje woenen. Skilders út de Nederlannen giene doetiids wol faker nei Itaalje om harren de klassike byldtaal eigen te meitsjen. Omdat hieltyd faker mytologyske ûnderwurpen ôfbyld waarden, moasten de skilders harren wol bejaan yn it mytologysk ferhaleguod; oars koene dy ferhalen net sekuer ôfbylde wurde. Eltsenien koe sa'n reis lykwols net betelje.

 
Karel fan Mander, De dûns om it gouden keal, twadde helte 16e iuw (Frans Hals Museum, Haarlim)

Carel van Mander besleat sadwaande om it 'skilderboek' te skriuwen, yn 1573, mar earst nei't er trije jier yn Rome en Florênse wenne hie. Yn it Het Schilderboeck waarden net allinne lessen opnaam oer skildertechniken fan de renêssânse, mar hy joech ek útlis by de mytologyske ferhalen fan Ovidius, Metamorphoses. Skilders dy't net bekend wiene mei dy literatuer of dy't gjin latyn koene, koene it wurk fan Fan Mander rieplachtsje en sa goed wurk ôfleverje at it om mytology gie.

It wurk fan Karel fan Mander heart ta it Maniërisme fan de Renêssânse-skilderkeunst.

Wurk fan Karel fan Mander is te finen yn ûnder oaren:

  • De sûndfloed, ± 1583
  • Froulik neaken, 1590
  • De selsbehearsking fan Scipio, 1600
  • Hoofske sêne yn in paleistún, ± 1600
  • Oanbidding troch de Trije Wizen, tusken 1590 en 1595 (Broelmuseum, Kortrijk)
  1. Frans Halsmuseum, Haarlim, ynformaasje by de tentoanstelling De gouden eeuw begint in Haarlem, 2008

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karel van Mander (I) fan Wikimedia Commons.