Karlskrona is de haadstêd fan de gemeente Karlskrona yn it lânskip Blekinge en de provinsje Blekinge län yn Sweden. It plak is teffens de haadstêd fan de provinsje Blekinge län. It plak is ferneamd as Sweden syn iennige Barok-stêd.

Karlskrona
Bestjoer
Lân Sweden
Provinsje Blekinge län
Sifers
Ynwennertal 35.212 (2010)
Oerflak 21,72 km²
Befolkingsticht. 1621 / km²
Oar
Stifting 1680
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Offisjele webside
www.karlskrona.se

Karlskrona is Swedens iennichst oerbleaune marinebasis en it haadkertier fan de Sweedske kustwacht. De stêd leit op it eilân Trossö. It eilantsje Stumholmen wie earder eigendom fan de marine en hjoeddeis sit it Nasjonaal Marinemuseum dêr. De floatbasis fan Karlskrona, dêr't de stêd syn stifting yn 1680 oan te tankjen hat, stiet sûnt 1998 op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Karlskrona wurdt yn haadstik VIII fan Nils Holgersson fan Selma Lagerlöf beskreaun.

Karlskrona

Partnerstêden

bewurkje seksje

Berne yn Karlskrona

bewurkje seksje
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Karlskrona