Kastellaun
Kastellaun (oant 6 desimber 1935 offisjeel Castellaun) is in stêd op de Hunsrück yn de Rhein-Hunsrück-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Yn Kastellaun stiet it gemeentehûs fan de Verbandsgemeinde mei deselde namme.
Kastellaun | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.557 (2021) | |
Oerflak | 8,47km² | |
Befolkingsticht. | 656 ynw./km² | |
Hichte | 430 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56288 | |
Koördinaten | 50° 14' N 7° 26' E | |
Offisjele webside | ||
www.kastellaun.de | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeKastellaun leit op Hunsrück op likefolle ôfstân fan de Ryn, Mûzel en Nahe. It sintrum fan de stêd leit tusken in delte yn it noarden en de heechflakte fan de Hunsrück, dêr't de B 327, de saneamde Hunsrückhöhenstraße, oer leit.
Monuminten
bewurkje seksjeDe ruïne fan it midsiuwske kastiel is it wichtichste monumint fan de stêd. It kastiel waard sûnt 1226 boud foar de greven fan Sponheim. Greve Simon II fan Sponheim ferliende Kastellaun yn 1305 stedsrjochten. Yn de Njoggenjierrige Oarloch blaasden Frânske troepen it kastiel op.
De letgoatyske protestantske tsjerke fan Kastellaun is in trijeskippich tsjerkegebou út de earste helte fan de 14e iuw. It koer is fan in wat lettere datum en 15e-iuwsk. De roomske Hillich Krústsjerke is in neogoatyske basilyk út de jierren 1899-1902 en ferfong doe de noch besteande tsjerke út 1728 oan de Bucher Straße 10.
Yn it histoaryske sintrum steane ferspraat ferskate 17e- en 18e-iuwske fakwurkhûzen.
Eveneminten
bewurkje seksje- Op de eardere Amerikaanske raketbasis Pydna súdlik fan Kastellaun wurdt alle jierren yn augustus it muzyk- en dancefestival "Nature One" organisearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kastellaun fan Wikimedia Commons. |
.