De Nahe is in likernôch 125 km lange sydrivier fan de Ryn, dy't troch de Dútske dielsteaten Saarlân en Rynlân-Palts rint. It plak dêr't de Nahe útmûnet is de grins tusken de Bopperyn en de Middenryn.

Nahe
It ferrin fan de Saar
It ferrin fan de Saar
geografy
lân Dútslân
lokaasje boarne Selbach (Nohfelden)
49° 32' N 7° 1' E
mûnet út yn RynNoardsee
lokaasje mûning Bingen (Rynlân-Palts)
49° 58' N 7° 53' E
sifers
lingte 125,1 km
hichte boarne 459 m
hichte mûning 79 m
ferfal 380 m
ôfwetteringsgeb. 4.067,068 km²
 
De boarne fan de Nahe

De Nahe hat syn boarne yn it Saarlân yn it natoergebiet Primstaler Höhen op de súdlike helling fan de 505 m hege Eckersberg. De boarne leit noardwestlik fan Selbach oan in boskrâne.

Oan it begjin rint de Nahe troch Selbach en dêrnei troch Gonnesweiler, dêr't it rivierke de Bos wetter fan de opslachmar Bostalsee oanfiert. Nei Nohfelden streamt de Nahe yn noardeastlike rjochting oer de grins fan Saarlân nei Rynlân-Palts.

Fierder yn dy rjochting rint de rivier û.o. troch Hoppstädten-Weiersbach nei Idar-Oberstein. Yn 1985 waard de Nahe dêr yn it stedsdiel Oberstein oer in lingte fan 1.875 m mei de Nahehochstraße oerboud, om de binnenstêd fan it trochgeande ferkear fan de Bundesstraße 41 te ûntlinzgjen. Nei Idar-Oberstein streamt de Nahe troch de plakken Kirn, Monzingen, Bad Sobernheim, Niederhausen, Bad Münster am Stein, Bad Kreuznach en Gensingen.

Lang om let rint de Nahe, mar dan yn noardlike rjochting streamend, by de Rochusberg lâns rjochting Bingen am Rhein, dêr't de rivier oan de súdlike kant yn de Ryn mûnet. De Nahe hat in trochsnit wetterôffier fan 30 m³/s.

It wynbougebiet Nahe is ien fan de 13 gebieten yn Dútslân dêr't wynbou plakfynt. Sûnt de Romeinske tiid wurdt dêr al wyn makke. As de Nahe Martinstein ferlit ferskine ek de earste wynbou-arealen oan de Nahe. Op in likernôch 4.060 hektare wurde de druverassen Riesling (oandiel 27,3 %), Müller-Thurgau (13,4 %), Dornfelder (10,8 %) en Silvaner (6,5 %) ferboud (sifers fan 2012).[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Nahe (Rhein).