Kastiel Ter Eem
Kasteel Ter Eem stie yn de Midsiuwen by de oergong fan de rivier de Eem by Eembrugge yn de provinsje Utert. Op de eastlike ouwer is noch in ferheging yn it lân te sjen dy't it stee oanjout. Unwis is of de brêge earder of letter as it kastiel boud waard. Op in strategysk plak oan de Eem liet de plakferfanger fan de Utertse biskop, Zweder Uterlo, ein 1347 begjin 1348, kastiel Ter Eem bouwe. Soks wie needsaaklik: Eemlân lei tusken de territoria fan de Hollânske greven en de Gelderske hartoggen in. Dy beide lânhearen lieten faak in longerjend each falle op it biskoplik besit. Sadwaande moast de biskop wol ferdigeningsmaatregels nimme as de bou fan kastielen. De boukosten fan kastiel Ter Eem wienen doe 3.000 gouden skylden. Der binne allinnich tekeningen út de 16e iuw bewarre bleaun. It kastiel soe in 22 kante meter west hawwe. Der lei doe in ierden wâl omhinne mei twa geskutstuorren.
Op 18 novimber 1527 kaam Maarten fan Rossum mei in legerke it Eemlân benei, mar koe op de wiete sompige grûn om it kastiel gjin geskut delsette. As list stjoerde hy in pear manlju as sabeare deserteurs nei it lân fan Baerne dy't sizze moasten dat in grut Geldersk leger nadere mei safolle geskut dat it Hûs ter Eem yn in pear oeren plat sjitten wêze soe en dat gjin ynwenner it oerlibje soe. De Baarnske froulju soenen der goed oan dwaan om "haer mans daer vanadaen te halen". Doe't de froulju doe de ynwenners fan Ter Eem seinen "dat sy ingeval sy ghesont ende in levende lyve by hun wyven ende kinderen wilden wesen" se it kastiel daliks ferlitte moasten. Wyls wie Maarten mei syn kriichsmacht by de "dyck van Baeren" komd om de besetting fan it kastiel kjel te meitsjen. Yndie beswykte de kastlein en hy joech it kastiel sûnder slach of stjit oer oan de ´geweldener´ Maarten fan Rossum.
Yn 1702 makke in grutte wetterfloed in ein oan it kastiel en waard it foar ôfbraak ferkocht oan de Steaten fan Utert.
Bewenners
bewurkje seksje- 1347 - 1354 Zweder Uterlo
- 1354 Biskop Jan fan Arkel
- biskoppen fan Utert, in kastlein wenne yn it kastiel
- 1456 - 1496 biskop David fan Boergonje
- - 1527 Hindrik fan Beieren
- 1527 keizer Karel V
- Steaten fan Utert
- 1675 - 1702 Steedhâlder Willem III
- 1702 - 1706 Steaten fan Utert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |