Marten fan Rossum

(Trochferwiisd fan Maarten fan Rossum)

Marten fan Rossum (ek Maarten van Rossem; Zaltbommel, ±1478Antwerpen, 7 juny 1555) wie in Gelderske legeroanfierder. Syn âlden, Johan fan Rossum, hear fan Rossum, en Johanna fan Hemert trouden nei alle gedachten foar 1478. Se hearden ta de legere adel yn de Bommelerwaard. Marten krige yn syn libben de titels fan hear fan Poederoaien, pânhear fan Bredevoort, hear fan Kannenburch, hear fan Latum en Baer, wie maarskalk fan Gelre en letter keizerlik steedhâlder fan Lúksemburch.

Marten fan Rossum yn folle wapenrêsting
Byld fan Marten fan Rossum op in bankje neist Kastiel De Kannenburch
It Marten fan Rossumhûs yn Zaltbommel

Histoaryske kontekst

bewurkje seksje

Oan de ein fan de 15e en it begjin fan de 16e iuw besochten de Boergonjers (ûnder oaren Karel de Stoute) en harren opfolgers de Habsburgers (keizer Maksimiliaan I fan Eastenryk en keizer Karel V) harren erfgrûngebiet yn de Nederlannen út te wreidzjen. Se hienen yn de Noardlike Nederlannen al Brabân, Hollân en Seelân ûnder kontrole, mar besochten ek de rest fan dit gebiet te feroverjen. Dat levere striid op mei de biskop fan Utert, dy't hearske oer it Sticht (Utert) en it Oersticht (Oerisel, Drinte en Grinslân), mei de hartoch fan Gelre (Gelderlân), en mei it min ofte mear “frije” Fryslân. Der waarden troch de Habsburgers geregelwei sels militêre kampanjes yn dy gebieten ûndernomd, wat dan wer reaksjes oprôp fan dy tsjinstanners.

Baarnen en bleakerjen

bewurkje seksje

Marten wie yn tsjinst fan hartoch Karel fan Gelre. Hy wie in bekwaam en yn syn tiid in freze legeroanfierder. De hartoch woe de Habsburgers út Gelre hâlde, sadat Gelre selsstannich bliuwe koe. Marten fan Rossum focht in lytse tritich jier (1514 - 1543) foar de Gelderske saak tsjin de Habsburgers. Syn styl fan oarlochfieren like op dy fan syn Italjaanske kollega's, de condottieri, en kenmerke him troch guerrilla-eftige taktiken, wêrby't de boargerbefolking net ûntsjoen waard. Neffens sizzen wie syn motto "Baarne en bleakerje is it sieraad fan de oarloch". Oer de wize wêrop Fan Rossum oarloch fierde binne de mieningen ferdield: der binne histoarisy dy't him in 'ekstreme brút' neame en guon dy 't syn 'agressive plondersucht' oanlekje.

Troch kriichslisten wist hy yn 1514 en 1527 respektivelik Arnhim en Rhenen te feroverjen. Yn Arnhim wist hy in diel fan syn soldaten ferburgen ûnder it hea de stêd yn te smokkeljen en yn Rhenen ferstoppe hy soldaten yn it strewelleguod dy't gebrûk makken fan in heawein dy't yn ien fan de stedspoarten stykjen bleau. Mei dizze kriichslisten rûn hy foarút op soksoarte likense eskapades santich jier letter troch de prinsen Maurits en Willem Loadewyk, sjoch bygelyks it turfskip fan Breda)

Yn 1516 baarnde hy doarpen yn de Alblasserwaard plat, ûnder oare Bleskensgraaf). Yn dizze faze fan de Gelderske oarloggen wurke hy gear mei de Fryske opstannelingenlieder Grutte Pier. Letter wurke hy ek noch op bepaalde hichte gear mei it Frânske leger om yn beider belang sa mooglik in twafrontenoarloch tsjin de Habsburchske machthawwers yn Brussel fiere te kinnen. Doe't Gelderlân de soldij net mear betelje koe naam Grutte Pier de saneamde 'Swarte Heap', in troep Dútske hierlingen dy't yn it earstoan mei Geldersk jild betelle wienen, oer om tsjin Medemblik op te trekken, in stêd dy't Grutte Pier hate. Dêrnei luts de Swarte Heap al plonderjend nei it suden en om Amsterdam hinne nei it easten, rjochting Dútslân, wêrby't it ûnder oare yn Medemblik en Asperen ta jammerdearlike útspattings kaam.

Plondertochten

bewurkje seksje

Yn 1519 waard Van Rossum troch Karel fan Gelre ta befelhawwer fan it Gelderske leger beneamd. Yn 1527 ferovere hy Utert. Fan dêrút fierde hy begjin maart 1528 mei 1500 oant 2000 man troepen in plundertocht út op De Haach. Hy brânskatte it net-ommuorre 'doarp' en plonderde de omkriten. Omdat de boargers fan de stêd it troch Fan Rossum easke bedrach fan 28.000 gûne net opbringe koenen stelde er him tefreden mei 8.000 gûne. Wol fierde hy in oantal Haachske boargers fan oansjen, dy't net nei Delft of de dunen ûntkomen kind hiene, as gizelder mei nei Utert en Arnhim, dêr't guon fan harren, nei't sein waard twa jier finzen sieten. Guon famyljes krigen belestingfrijstelling om de losjilden betelje te kinnen. Dizze plondertocht op De Haach joech in grut opskuor en wie foar Hollân en Brabân it sein om de ferdigening goed op poaten te setten, fral omdat Fan Rossum by syn oerfal gjin echte tsjinstân ûnderfûn hie.

Yn 1528 waard hy troch de hartoch fan Gelre ta maarskalk fan Gelderlân beneamd. Yn 1542 fierde Van Rossum yn in bûnsgenoatskip mei de keningen fan Frankryk en Denemark in serieuze fjildtocht tsjin de Habsburgers. Hy hie in leger fan rom 15.000 man dêr't er Antwerpen mei belegere. Yn in fjildslach foar de poarten fan de stêd fersloech hy in leger ûnder oanfiering fan Renee fan Sjalon, de destiidske prins fan Oranje. Dêrby foelen oan Habsburchske kant ûngefear 2000 slachtoffers. Fan Rossum hie syn ynfantery efter syn 'Swarte ruters' opsteld. Dat waard troch de Habsburgers net opmurken, wêrtroch't se oermoedich de oanfal ynsetten op Van Rossum syn kavalery. Foar en nei syn oerwinning baarnde Fan Rossum de omkriten fan Antwerpen en Leuven hielendal plat. Dêrtroch bleau, neffens tiidgenoaten, it gea om Antwerpen yn de hiele 16e iuw in lanlik karakter hâlden, yn tsjinstelling ta foarrige iuwen. Van Rossum slagge der lykwols net yn om de grutte stêden Antwerpen en Leuven echt yn te nimmen. In oanfal op de muorren fan Antwerpen waard ôfslein. Dizze Brabânske fjildtocht late yn 1543 ta in stream fan pamfletten dy't fan de Antwerpse parsen rôlen. Dêryn waard de fraach steld wa fan de beide 'Martens' no slimmer wie, Marten Luther of Marten fan Rossum. Uteraard seagen de direkt belutsenen Marten fan Rossum as it gruttere kwea. De Antwerpske dichteresse Anna Bijns wie lykwols fan betinken dat it optreden fan Marten Luther folle slimmer wie: Fan Rossem kwelt lichems, mar Luther rjochtet sielen te grûne.[1]

Under syn opfolger Willem fan Kleef foel it doek foar de Gelderske saak. Doe't de Gelderske skatkiste wer ris leech wie en de Habsburgers in nij leger ûnder Lamoraal fan Egmont (deselde greve fan Egmont dy't letter op de grutte merke fan Brussel ûnthalze waard) ynsetten dat yn 1543 de ûnder Geldersk gesach steande stêd Düren platbaarnde en foar in part útrûge, joegen de oare Gelderske stêden har oer. Dizze yntimidaasje (in "shock-and-awe" taktyk avant le lettre) soe neffens guons fiifentweintich jier letter de hartoch fan Alva ynspirearre hawwe om oan it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch de stêden Naarden, Sutfen en Mechelen út te rûgjen, mei as doel troch eangst de opstân del te slaan. Hartoch Willem moast Gelre en it greefskip Sutfen oan Karel V oerjaan.

As kompetint beropsmilitêr waard Marten dêrnei frege tsjinst te nimmen yn it leger fan syn eardere fijân, keizer Karel V. Yn keizerlike tsjinst waard hy steedhâlder fan Lúksemburch.

Yn it foarjier fan 1555 waard Marten siik, mooglik rekke hy besmetten mei de pest of de tyfus. Hy wie yn de festing Charlemont yn it stedsje Givet, yn de Ardennen. Op 7 juny 1555 ferstoar Marten fan Rossum yn Antwerpen, dêr't hy hinne brocht wie foar de bêste medyske behanneling. Syn lichem waard oerbrocht nei Rossum en waard dêr yn de tsjerke begroeven. Hy hie dêr in moarmeren tombe meitsje litten, dy't lykwols by de Byldestoarm wer ferwoaste waard. It biente waard yn 1599 nei it Belis fan Zaltbommel oerbrocht nei de Sint-Janskatedraal yn De Bosk. Yn Rossum en De Bosk is lykwols gjin spoar mear fan syn tombe werom te finen. It ferhaal giet dat syn skedel nei Kastiel De Kannenburch brocht waard, en yn 1883 nei it gemeentemuseum fan Arnhim. Dêr soe hy troch oarlochshannelingen yn 1944 defintyf ferlern gien wêze.

Yn Zaltbommel stiet it Marten fan Rossumhûs. Dit 'stedskastieltsje' is fan ± 1535. Yn it gebou sit sûnt 1937 it Marten fan Rossummuseum. In oar "Hûs fan Rossum" stiet yn Arnhim, en wurdt ek wol it Duvelshûs neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • M. Witteveen, P. Schipper en S. van Doornmalen - Een pronkstuk in Zaltbommel. Marten van Rossem, zijn huis en het museum, Zaltbommel/Uitgeverij Aprilis 2005.
  • Jan & Annie Romein - De lage landen bij de zee, Amsterdam, 1976 (6e pr.), 185.
  • J.I.Israel - De Republiek 1477-1806, Frjentsjer, 2001 (5e pr.), 66-67 en 71.
  • Biografysk Wurdboek Gelderlân, P. W. van Wissing, J. Kuys, C. A. M. Gietmann. side 108
  1. H.Pleij, Het gevleugelde woord. Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1400 - 1560, Amsterdam, 2007, blz. 377.