Katedraal fan Gregoarius de Ferljochter (Jerevan)
De Katedraal fan Sint-Gregoarius de Ferljochter (Armeensk: Սուրբ Գրիգոր Լուսավորիչ մայր եկեղեցի, Surb Grigor Lusavorich mayr yekeghetsi), ek bekend ûnder de namme Katedraal fan Jerevan, is de grutste katedraal fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn 'e wrâld. De katedraal stiet yn it sintrale Kentron-distrikt fan 'e haadstêd en foarmet mei de Trijeienheidskatedraal yn Tbilisi it grutste tsjerkegebou fan 'e súdlike Kaukasus.
Gregoariuskatedraal Սուրբ Գրիգոր Լուսավորիչ մայր եկեղեցի | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
plak | Jerevan | |
koördinaten | 40°10'N 44°31'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Stepan Kurkchjan | |
boujier | 1997-2001 | |
hichte | Maks. 60 meter | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe bou fan 'e katedraal wie in inisjatyf fan katolikos Vazgen I en sette nei syn ferstjerren op 7 april 1997 útein mei in ynsegeningstsjinst ûnder lieding fan katolikos Karekin I. It kompleks is in ûntwerp fan 'e arsjitekt Stepan Kurkchjan en waard foltôge yn 2001. De konsekraasje fan 'e katedraal fûn plak op 23 septimber 2001 yn it ramt fan it 1700-jierrich jubileum fan 'e ynfiering fan it Kristendom as steatsreligy fan Armeenje.
Yn 'e katedraal wurde reliken bewarre fan Sint-Gregoarius de Ferljochter. Gaueftich nei de konsekraasje fan 'e katedraal brocht paus Jehannes Paulus II in besite oan 'e katedraal.
De bou waard mooglik makke troch donaasjes fan Armeenjers yn 'e diaspora.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeIt ûnbidich grutte bouwurk bestiet út in kompleks fan trije tsjerken: de katedraal mei 1700 plakken en de kapellen fan Sint-Tiridates en Sint-Ashkhen (elts 150 plakken). Kening Tiridates IV en syn frou keninginne Ashkhen wiene mei Sint-Gregoarius de kaaifigueren foar it ynfieren fan it kristendom yn it lân. It gebou bestiet út moderne en tradisjonele elementen fan 'e Armeenske arsjitektuer en hat in grûnflak fan 3.822 m².
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|