Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (Tbilisi)
De Trije-ienheidskatedraal fan Tbilisi (Georgysk: თბილისის წმინდა სამების საკათედრო ტაძარი), mear bekend ûnder de namme Sameba-katedraal (სამების ლავრა) is de wichtichste katedraal fan de Georgysk-Otterdokske Tsjerke. De katedraal stiet yn Tbilisi, de haadstêd fan Georgje, en waard boud tusken 1995 en 2004. It is de op twa nei grutste Eastersk-Otterdokske katedraal fan de wrâld en fertsjintwurdiget in mingeling fan tradisjonele stylen yn de Georgyske tsjerke-arsjitektuer út ferskate tiden mei guon byzantynske aksinten.
Sameba-katedraal
სამების ლავრა | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Georgje | |
plak | Tbilisi | |
koördinaten | 41° 41' N 44° 49' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1995-2004 | |
arsjitekt | Archil Mindiashvili |
Bou en skiednis
bewurkje seksjeIt idee om in nije katedraal te bouwen om it 1.500 jierrich jubileum fan it autosefale karakter fan de Georgysk-Otterdokske Tsjerke en it 2.000-jierrich jubileum fan Kristus' berte te betinken datearret fan 1989, it jier fan it nasjonale ûntweitsjen fan de doe noch Sovjet-republyk Georgje. Yn maaie 1989 kundigen de autoriteiten en de Georgysk-Otterdokske Tsjerke in ynternasjonale wedstriid foar it bouprojekt oan. De earste ynskriuwing levere mear as hûndert ûntwerpen op, mar der kaam gjin winnend ûntwerp. Lang om let waarden de tekeningen fan de arsjitekt Archil Mindiashvili keazen. De dêropfolgjende turbulinte jierren fan ûnrêst yn Georgje liede ta in útstel fan seis jier en it wie net earder as op 23 novimber 1995 dat it fûnemint foar de nije katedraal lein waard.
De bou fan de katedraal waard útroppen ta in symboal fan de Georgyske nasjonale en religieuze weroplibbing. Gewoane boargers en sakelju brochten it nedige jild byinoar en op 23 novimber 2004, op de feestdei fan Sint-Joris, koe de katedraal ynwijd wurde troch de katolikos Ilia II yn de mande mei oare fertsjintwurdigers fan otterdokske sustertsjerken út oare dielen fan de wrâld. Ek politike lieders en ôffurdigen fan oare religieuze mienskippen yn Georgje wennen de seremoanje by,
Op in part fan de lokaasje lei earder in âld tsjerkhôf fan de Armeenske mienskip mei de namme Khojavank. Op it tsjerkhôf stie ea ek in Armeenske tsjerke, mar dy wie al yn de Sovjet-tiid yn opdracht fan Lavrenti Beria sloopt. Ek de measte grêfstiennen en monuminten waarden doe fernield en sûnder de grêven te romjen waard fan it tsjerkhôf in parkje makke. Ôp it plak fan de grêven waard de residinsje fan de patriarch fan de Georgysk-Otterdokske Tsjerke boud. It feit dat de minsklike resten as hûssmoargens oerbrocht waarden nei it stoart fan de stêd feroarsake in skandaal. Neffens tsjûgen waarden tusken it pún minsklike bonken en grêfstiennen yn kypweinen fuortbrocht en wat foel bleau gewoan lizzen.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe katedraal waard boud op de Elía-heuvel yn de histoaryske wyk Avlabari yn Ald-Tbilisi. De tsjerke is ûntwurpen yn in tradisjonele Georgyske styl, mar dan mei in gruttere fertikale foarm. Der binne guon minsken dy't it bouwurk ferhúnje, mar oaren bejubelje de tsjerke. De katedraal is yn de foarm fan in krús boud mei in koepel oer in fiering dy't op acht pylders rêst. De koepel wurdt bekroand mei in 7,5 meter heech verguld krús.
De katedraal bestiet út njoggen kapellen (kapellen ta eare fan de aartsingels, Jehannes de Doper, Sint-Nina, Sint-Joris, Sint-Nikolaas, de Tolve Apostels en Alderheljen); fiif fan dy kapellen lizze yn it grutte ûndergrûnske diel fan de katedraal. It totale oerflak fan de katedraal, ynklusyf de lange nartheks, is 5.000 kante meter, de hichte fan de katedraal fan de grûn oant de top fan it krús rikt oan 105,5 meter.
It hiele kompleks bestiet njonken de katedraal û.o. ek út in frijsteande klokketoer, de residinsje fan de patriarch, in kleaster, in seminary en in teologyske akademy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Holy Trinity Cathedral of Tbilisi
|