Katedraal fan Leicester
De Katedraal fan Leicester (Ingelsk: Leicester Cathedral) of Katedrale Tsjerke fan Sint-Martinus (Cathedral Church of St Martin) is in Anglikaanske katedraal yn 'e Ingelske stêd Leicester yn 'e East Midlands. De oan 'e hillige Martinus fan Tours wijde katedraal is de op trije nei lytste biskopstsjerke fan Ingelân. De tsjerke waard yn 1927 mei de stifting fan it bisdom Leicester in katedraal.
Sint-Martinuskatedraal
Cathedral Church of St Martin | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
regio | East Midlands | |
plak | Leicester | |
adres | 2 Peacock Ln, Leicester LE1 5FQ | |
koördinaten | 52° 38' N 1° 8' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Leicester | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1086–1867 | |
boustyl | gotyk | |
hichte | 67,1 m (toer) | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOp de hjoeddeiske lokaasje fan 'e katedraal hat al tûzen jier in oan 'e hillige Martinus wijde tsjerke stien. De tsjerke waard foar it earst neamd yn 1086, doe't de âldere Saksyske tsjerke troch in Normandyske tsjerke ferfongen waard. Op dy nijbou giet de tsjintwurdige katedraal, dy't folle letter in toer krige, werom. It hjoeddeiske oansjen is foaral it resultaat fan in fiktoariaanske restauraausje troch de arsjitekt Raphael Brandon. De katedraal fan it eartiidske Anglo-Saksyske bisdom fan Leicester stie foarhinne op in oar plak.
It eastlike raam fan 'e katedraal waard ynbrocht ta neitins oan ' slachtoffers yn de Earste Wrâldkriich. Yn it hegere diel fan it raam stiet Kristus yn in mandorla tusken ingels mei oan wjerskanten Sint-Michael en Sint-Joris. Under is in foarstelling fan 'e krúsôfname fan Kristus mei lofts Jeanne d'Arc en rjochts Martinus fan Tours. By de foarstelling fan 'e krúsôfname is lofts ek in soldaat út de Earste Wrâldkriich oanwêzich.
De toer en de spits waarden yn 'e jierren 2004-2005 restaurearre. It measte wurk wie it skjinmeitsjen en it foar in part ferfangen fan it muorrewurk
De katedraal fan Leicester is nau ferbûn mei de Leicester Grammar School, dy't tichteby de katedraal stiet. Gearkomsten yn 'e moarntiden fine alle wiken op ferskate dagen plak en de tsjerketsjinsten wurde troch de learlingen besocht.
Yn july 2014 waard in werynrjochting fan it grien om de katedraal foltôge. Ek waard in byld fan kening Richard III út 1980 yn 'e tún set.
Yn it koer stie oant lyts skoftke lyn in senotaaf foar kening Richard III. It monumint waard ferfongen troch de tombe fan 'e kening sels. De kening waard nei syn dea yn 1485 by de Slach by Bosworth byset yn it fransiskaanske kleaster fan Leicester. Syn oerbliuwsels waarden yn 2012 opgroeven en yn febrewaris 2013 identifisearre. Op 26 maart 2015 waard de kening byset yn 'e katedraal.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe katedraal hat in lang skip en koer mei twa koerkapellen en in 67 meter hege spits, dy't yn 1862 tafoege waard. De Martinuskatedraal ûndergyng yn 'e rin fan de tiid in grut tal restarauraasjes troch û.o. de fiktoariaanske arsjitekt Raphael Brandon en fertsjintwurdiget foar de haadsaak de goatyske styl. It koer yn 'e katedraal wurdt fan in grut 19e-iuwsk houten koerstek skieden, dat yn 2015 yn it ramt fan 'e bysetting fan kening Richard III mear nei it easten ta ferhûze.
It súdlike portaal fan 'e katedraal, de Vaughan Porch, is in ûntwerp fan John Loughborough Pearson, dy't ek it ûntwerp fan 'e katedraal fan Truro levere. It portaal is ferneamd nei de famylje Vaughan, dy't foar in grut part fan 'e 19e iuw de predikanten oan 'ede tsjerke levere. Oan de gevel is in rige fan bylden fan hilligen, teologen, biskoppen en in greve oanbrocht.
Kapellen
bewurkje seksjeDe katedraal hat fjouwer aparte kapellen. Trije dêrfan binne oan hilligen wijd. De oan Sint-Katarina (oan 'e noardlike kant fan it alter; St Katharine's Chapel) en Sint-Dunstan (oan 'e súdlike kant fan it koer; St Dunstan's Chapel) wijde kapellen binne sydkapellen en wurde by gelegenheid brûkt foar lytsere tsjerketsjinsten en/of wakes. De westlike Joriskapel (St George's Chapel) betinkt dejingen dy't ûnder de wapens west ha en dêr binne tinktekens foar boargers fan Leicester dy't yn ferskate konflikten it libben lieten. De nije Kristus Keningkapel (Chapel of Christ the King) grinzget oan it eastlike raam.
Oargel
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske oargel waard yn 1873 troch J.W. Walker & Sons Ltd. boud en dêrnei yn 1929 en 1972 troch Harrison & Harrison op 'e nij boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Leicester Cathedral
|