Katedraal fan Truro
De Katedraal fan Truro of de Katedraal fan de Hillige Jongfaam Marije (Ingelsk: Cathedral of the Blessed Virgin Mary) is in Anglikaanske katedraal yn 'e stêd Truro, Ingelân. De katedraal waard tusken 1880 en 1910 neffens in neogoatysk ûntwerp fan John Loughborough Pearson boud op it plak fan in ek oan Marije wijde parochytsjerke.
Katedraal fan Truro
Cathedral of the Blessed Virgin Mary | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Cornwall | |
plak | Truro TR1 2AF | |
adres | 14 St Mary's St | |
koördinaten | 50° 15' N 5° 3' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | J.L. Pearson | |
boujier | 1880–1910 | |
boustyl | neogotyk | |
hichte | 76 meter (sintrale toer) | |
monumintale status | Grade I listed building | |
monumintnûmer | 1205377 | |
Webside | ||
www.trurocathedral.org | ||
Kaart | ||
It is ien fan 'e trije katedralen fan it Feriene Keninkryk mei trije spitsen.
Bouskiednis
bewurkje seksjeIt bisdom fan Truro waard yn desimber 1876 oprjochte en de earste biskop wie Edward White Benson, dy't op 25 april 1877 yn 'e Pauluskatedraal fan Londen ta biskop wijd waard.
De bou fan 'e katedraal begûn yn 1880 en it wie de earste katedraal op in nij plak sûnt de bou fan de katedraal fan Salisbury yn 1220. Foar de bou moast in 16e-iuwske parochytsjerke ôfbrutsen wurde, in gebou yn de perpendicular styl mei in 39 meter hege toer. Op 3 oktober 1880 fûn dêr de lêste tsjinst plak en noch yn 'e selde moanne waard it grutste part fan 'e parochytsjerke sloopt, mei útsûndering fan it súdlike skip. Sûnt 24 oktober 1880 oant 1887 die in tydlik houten gebou op in oangrinzgjend plak tsjinst as katedraal. Der koene noch minder as 400 minsken yn en it gebou wie simmerdeis fierstente hyt en winterdeis fierstente kâld. Yn oktober 1887 wiene de transepten en it koer fan 'e nijbou foltôge. Op 3 novimber waard it foltôge diel konsekrearre troch de aartsbiskop fan Canterbury, yn oanwêzigens fan û.o. de takomstige biskop fan Truro. De foltôging fan 'e hege sintrale toer fûn yn 1905 plak en mei it reekommen fan 'e westlike tuorren yn 1910 wie it hiele gebou klear. Pearson ferstoar yn 1897 en waard troch syn soan Frank opfolge.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeIt neogoatyske ûntwerp fan Pearson kombinearret de iere Ingelske styl mei Frânske kenmerken. De oerienkomsten mei de katedraal fan Lincoln binne net tafallich: Pearson wie as arsjitekt ferbûn oan 'e katedraal fan Lincoln en de earste biskop fan Truro, Edward Benson, wie dêr earder foarsitter fan it kapittel. De sintrale toer en spits is 76 meter heech, wylst de westlike tuorren 61 meter heech binne. De spitsen en dakken fan 'e tuorren binne fan stien, útsein de koperen spits fan 'e toer oan de westlike kant fan de Marijebeuk. Oeral hat de katedraal in stiennen ferwulft. Foar de fersiering fan it gebou waard Nathaniel Hitch oanwiisd. Hy makke ek it ûntwerp foar it heechalter.
It oarspronklike súdlike sydskip fan 'e âlde parochytsjerke bleau bestean ûnder de namme Marijebeuk (St Mary's Aisle) en waard oan de súdeastlike kant yn 'e nijbou yntegrearre. Dat diel tsjinnet tsjintwurdich as de parochytsjerke fan 'e binnenstêd. Om't de tsjerke al wijd is oan de Jongfaam Marije is der net, lykas wenst by Ingelske katedralen, in Marijekapel. Yn 'e Kristuskapel (Jesus Chapel) en de Kapel fan Ienheid en Frede (Chapel of Unity and Peace) wurdt de besiker de mooglikheid jûn om him yn stilte werom te lûken. Oant 1967 moast de katedraal it sûnder kapittelhûs dwaan. Yn dat jier waard noardeastlik fan 'e katedraal neffens in ûntwerp fan John Taylor in nij kapittelhûs boud.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan Henry Willis út 1887 wurdt beskôge as ien fan 'e bêste oargels fan it lân. It waard yn Londen boud en mei de boat nei Cornwall transportearre. It oargel hie hast deselde spesifikaasje as it oargel dat Willis in jier earder boud foar de Sint-Michaeltsjerke, de lettere katedraal fan Coventry.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Truro Cathedral
|