Katedraal fan Napels
De Katedraal fan Napels (Italjaansk: Duomo di Napoli, Cattedrale di Santa Maria Assunta of Cattedrale di San Gennaro; Napolitaansk: Viscuvato 'e Napule) is in roomsk-katolike katedraal fan it aartsbisdom Napels. De katedraal stiet benammen bekend as de Cattedrale di San Gennaro en is ferneamd nei Sint-Januarius, de patroanhillige fan de stêd Napels.
Domtsjerke fan Napels
Duomo di Napoli | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Campaniae | |
plak | Napels | |
adres | Via Duomo 147 | |
koördinaten | 40° 51' N 14° 34' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Napels | |
patroanhillige | Sint-Januarius | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw-19e iuw | |
boustyl | Gotyk, renêssânse, barok, neogotyk | |
Webside | ||
Side aartsbisdom | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe bou fan 'e hjoeddeiske katedraal barde yn opdracht fan kening Karel I fan Anjou. Under syn opfolger, Karel II (1285-1309), gyng de bou fierder en de foltôging fûn plak oan it begjin fan 'e 14e iuw ûnder kening Robert fan Anjou. De katedraal stiet op 'e fûneminten fan twa âldere kristlike basiliken, dêr't de resten fan noch altiten te sjen binne. Opgravings ûnder it gebou leine Grykske en Romeinske fynsten bleat.
De neogoatyske gevel waard yn 'e 19e iuw troch Enrico Alvino fernijd, mar it portaal en guon bylden stamme út de 15e iuw.
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt meast it besjen wurdich fan it ynterieur is de troch barokke keunstners tige ryk fersierde Cappella di San Gennaro (Kapel fan Sint-Januarius). Yn 'e kapel binne fresko's fan Domenichino en Giovanni Lanfranco, alterstikken fan Domenichino, Massimo Stanzione en Jusepe de Ribera, in ryk heechalter fan Francesco Solimena en tal fan oare keunstwurken wêrûnder in troch Frânske masters makke 14e-iuwsk relikwarium.
Oare keunstwurken binne de Himelfeart fan Pietro Perugino, wurk fan Luca Giordano en de ier-kristlike doopkapel mei 4e-iuwske mozaiken. De haadkapel waard yn 'e 18e iuw restaurearre en hat in barok reliëf fan Pietro Bracci. De Minutolo-kapel, neamd yn Boccaccio's Decamerone, hat 14e iuwske fresko's.
De krypt (Cappella del Succorpo) waard fan 1497 oant 1506 yn opdracht fan kardinaal Oliviero Carafa yn renêssânsestyl ferboud. De kardinaal helle de reliken fan 'e patroanhillige fan 'e stêd, dy't doe sûnt 831 yn it hillichdom fan Montevergine yn Avellino bewarre waarden, nei Napels. De romte, de flier en it kassetteplafond is mei djoere dekoraasjes fan ferskillende soarten moarmer en reliëfs fersierd. Yn 'e apsisnis stiet de skryn fan de hillige Januarius.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1767 troch de oargelbouwer Filippo Cimino boud. It gie oarspronklik om twa ynstruminten, dêr't yn 1931 troch de firma Giuseppe Rotelli (Cremona) ien ynstrumint fan makke waard en elektryske traktueren oan tafoege waard. Yn 1974 waard it oargel troch Giuseppe Ruffatti restaurearre, reorganisearre en mei in pear registers fergrutte. It oargel bestiet út fjouwer aparte wurken, dy't mei ien spyltafel oanspile wurde kinne. Yn it ramt fan 'e lêste restauraasje waard it oarspronklike koraalwurk ferboud ta in selsstannich ynstrumint en de registers op twa manualen en pedaal ferdield en efter it haadalter opsteld.
It Mirakel fan it Bloed
bewurkje seksjeDe tsjerke bewarret twa fleskes bloed yn in sulveren relykhâlder fan 'e yn 305 ûnthalze Sint-Januarius, dy't op trije dagen yn 't jier (de earste saterdei yn maaie, op 19 septimber en 16 desimber) troch de kardinaal út de kapel en tegearre mei in búste fan de hillige yn in prosesje nei it heechalter droegen wurdt. Op dy dagen wurdt it drûge bloed floeiber. As dat lêste net it gefal sil der neffens de tradysje oer Napels slim ûnheil útbrekke. Skeptisy leauwe dat yn 'e gleskes ek in spesjale gel sit, dy't der foar soarget dat it drûge bloed floeiber wurdt wannear't de gleskes bewege en wer stjurret, sadree't de fleskes net beroerd wurde.
De kultus fan it mirakel wurdt al sûnt de ein fan 'e 14e iuw fierd. Op 21 maart 2015 waard by in besite fan paus Fransiskus it bloed floeiber, itjinge as in geunstich oardiel fan 'e hillige oer de paus beskôge waard. It bloed waard by in besite fan paus Benediktus XVI yn 2007 net floeiber.
Reliken
bewurkje seksjeOfbylden
bewurkje seksje-
Ynterieur middenskip.
-
Kapel fan Sint-Restituta.
-
Kapel fan Sint-Januarius.
-
Buste Sint-Januarius.
-
Heechalter.
-
Sydskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|