Katedraal fan Piazza Armerina

De Katedraal fan Piazza Armerina (Cattedrale di Piazza Armerina; ek: Cattedrale di Maria Santissima delle Vittorie, Katedraal fan de Hillige Marije fan 'e Oerwinnings) is de katedraal fan it bisdom Piazza Armerina. De katedraal waard boud op it heechste plak yn 'e Italjaanske stêd Piazza Armerina op Sisylje.

Katedraal fan Piazza Armerina

Cattedrale di Piazza Armerina.

De katedraal yn it histoaryske sintrum fan Piazza Armerina
De katedraal yn it histoaryske sintrum fan Piazza Armerina
Lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak Piazza Armerina
adres Salita Marco Trigona, 12
koördinaten 37° 23' N 14° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1604-1742
boustyl Gotyk, barok
Webside
Side bisdom
Kaart
Katedraal fan Piazza Armerina (Sisylje)
Katedraal fan Piazza Armerina
 
Ikoan fan 'e Madonna fan de Oerwinnings.

Mei de bou fan 'e tsjerke waard op it plak fan in âldere tsjerke út de 15e iuw yn 1604 útein set. Nei in pear kear in mislearre besykjen, waard de bouopdracht oan Orazio Torriani jûn. Nei in ûnderbrekking fan likernôch fjirtich jier tusken 1666 en 1705 waard de katedraal foltôge en yn 1742 ynwijd. De koepel moast doe noch boud wurde en wie pas yn 1768 klear.

De monumintale trep dy't nei de tsjerke liedt waard yn 1881 lein neffens it ûntwerp fan 'e lokale arsjitekt Giuseppe Giunta Bartoli.

De âldere, 40 meter hege en yn 'e styl fan 'e Katalaanske lette gotyk boude klokketoer stamt út de 15e iuw. Fan 'e foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke bleau útsein dy klokketoer en de doopkapel neat oer.

De 76,5 meter hege krusingskoepel (foltôge yn 1719) tuorket fier boppe de omlizzende bebouwing út. It is de heechste fan it eilân. It portaal waard yn 'e 18e iuw tafoege en fertjintwurdiget de Sisyljaanske barok.

It ynterieur fan 'e katedraal wurdt behearske troch de hege sintrale koepel. Yn 'e triomfbôge hinget in oan beide kanten beskildere krús út 1485, dat de krusiging en de opstanning fan Kristus fertsjintwurdiget. De doopkapel is in keunstwurk fan Antonuzzo Gagini en stamt noch fan 'e âlde tsjerke.

Ta de tsjerkeskat wurdt de sulveren opset fan it heechalter út 1627 rekkene. Underdiel fan it alter is it byzantynske "Ikoan fan 'e Madonna fan 'e Oerwinnings". Greve Rogier I droech it ôfbyld fan 'e Madonna op 'e banier by him yn 'e striid om it lân te befrijen fan 'e Sarasenen . Efter it alter binne de grêfmonuminten fan Marco Trigona († 1598) en Melchiorre Trigona († 1637). Oan wjerssiden fan it heechalter binne yn 'e muorre twa grutte finsters mei brânskildere ramen fan de apostels Petrus en Paulus en boppe it heechalter yn it sintrum in raam fan 'e Ferlosser. It koerstuolte datearret fan 1795.

Paus Jehannes XXIII joech de katedraal yn febrewaris 1962 de status fan basilyk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: