Katedraal fan Santiago de Compostela

De Katedraal fan Santiago de Compostela is de katedraal fan it aartsbisdom Santiago de Compostela yn it noardeasten fan Spanje. De katedraal is sûnt 1985 opnommen op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO en foarmet ien fan de hillichste beafeartstsjerken fan it Kristendom. De katedraal wurdt op de Spaanske euromunten fan 1, 2 en 5 sint ôfbylde.

Katedraal fan Santiago de Compostela
Lokaasje
lân Spanje
regio Galysje
plak Santiago de Compostella
koördinaten 42° 52'N 8° 32'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-katolike Tsjerke
aartsbisdom Santiago de Compostela
patroanhillige Jakobus (apostel)
Arsjitektuer
arsjitekt Fernando de Casas-Novoa
boujier 1075-1211
boustyl Romaansk, goatysk, barok
Webside
catedraldesantiago.es
Kaart
Katedraal fan Santiago de Compostela (Spanje)
Katedraal fan Santiago de Compostela

Neffens de oerlevering soe op it plak Jakobus, ien fan de learlingen fan Jezus, begroeven wêze. Nei't Jakobus yn Palestina ûnthâlze wie, soe syn omskot yn in stiennen boat lein wêze. Wylst twa fan syn learlingen meireizgen, brocht de boat him sels nei de Galysyske kust, dêr't de deade apostel begroeven waard oan de berch Lebredón. Oer it grêf waard in grutte tsjerke boud.

De hjoeddeiske katedraal waard sûnt 1077 ûnder Alfonso VI fan Kastylje boud op de resten fan in âldere 8e-iuwske tsjerke.

 
Middenskip

Yn 1120 waard it de biskopstsjerke fan Diego Gelmírez (1068–1140), de earste aartsbiskop fan it aartsbisdom Santiago de Compostela. Tsjintwurdich is fan de romaanske tsjerke allinne noch it súdportaal (Puerta de las Platerías) yn orizjinele steat bewarre bleaun. It grutte tal útwreidings fan de katedraal laten mei it barokke westlike portaal, de klassisistyske noardgevel en de goatyske krúsgongen ta in mingeling fan ferskillende boustilen. It oerflak fan de tsjerke groeide yn de rin fan de tiid fan 8.200 m² nei 23.000 m².

It Pórtico de la Gloria is it westlike portaal en tagelyk ien fan de belangrykste keunstskatten fan de katedraal. It mei bylden fersierde portaal waard troch de master Mateo oant 1188 makke. It hast 100 meter lange, 8,5 meter brede en hast 20 meter hege middenskip sjocht út op it ryk fersierde haadalter, it plak fan it grêf fan de apostel. De westlike gevel ûnstie sawol oan it barokke langstme nei mear pronksucht as de needsaak om de Pórtico de la Gloria te beskermjen, dy't nei seis iuwen troch de ynfloed fan it waar hast alle kleur ferlern hie.

Oan de beide kanten fan de westlike gevel steane de likernôch 75 meter hege tuorren. De súdlike (rjochts) is de klokketoer (Torre de las Campanas). De noardlike toer (lofts) wurdt Torre de last Carracas neamd, nei it geratel wermei't de it lieden fan de klokken yn de Hillige- of Goede Wike (Semana Santa) ferfongen wurdt. Yn it midden fan de westlike gevel stiet de apostel Jakobus as pylger, flankearre troch syn learlingen Atanasius en Theodorus.[1]

De katedraal waard mei de binnenstêd fan Santiago de Compostella yn 1985 opnommen op de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed.

Sintraal yn it heechalter is in libbensgrut sittend byld fan Sint-Jakobus de Meardere. Syn kleed is ryk fersierd mei û.o. Jakobsskelpen. Rjochts fan it alter rint in trep efter it byld lâns, dêr't pylgers wenst binne it skouder fan efter oan te reitsjen mei de wurden: "¡Gracias amigo Santiago, hermano Santiago, por ayudarme a llegar hasta aquí! ¡Gracias por tu persona, por tu compañía, por tu testimonio, por tu legado! ('Tank leave freon en broeder Jakobus, dastû my holpen hast hjir te kommen. Tank foar dyn persoan, foar dyn begelieding, foar dyn tsjûgenis en foar dyn erfenis').

 
Jakobusskryn

Under it heechalter leit de krypte, dêr't de pylgers foar komme: in sulveren skryn mei it bonkerak fan de hillige apostel. Dêrnjonken wurdt yn de krypte ek in ferfuld krús mei in splinter fan it Wiere Krús fereare. De yngong fan de krypte is lofts njonken it haadalter.

 
De Botafumeiro

Mei heechdagen of op oanfraach wurdt de ferneamde Botafumeiro troch it dwersskip slingere. De botafumeiro is in 1,60 meter grut wijreekfet, dat oan in 66 meter lang tou oan it ferwulft fan it transept hinget. Nei de heechmis sette acht manlju it fet yn beweging om it fan it iene diel fan it transept ta heech oant it ferwulft nei de oare transeptearm te swaaien. Fansels hat it wijreekfet in liturgyske funksje, mar dêrnjonken moast de botafumeiro eartiids ek de geur fan de pylgers neutralisearje, dy't nei harren ôfmêdzjende pylgerstocht op de Camino de Santiago in hiele nacht yn de katedraal mei bidden trochbrochten.

Pórtico de la Gloria

bewurkje seksje
 
Portico de la Gloria (detail)

It trijedielige haadportaal fan de katedraal yn it westen datearret út de 12e iuw. It ikonografyske programma is sterk troch de Iepenbiering fan Jehannes beynfloede. Yn it sintrum fan de middelste bôge wurdt Kristus as Ferlosser en as Rjochter ôfbylde. Oan de oan it krús ferstoarne Ferlosser herinnerje de wûnen oan de hannen en fuotten en de wûne oan de rjochter side. De loft en rjochts oanwêzige ingels drage de attributen fan it lijen. Fierder wurdt Jezus troch de fjouwer evangelisten en profeten flankearre.

De oargels fan de katedraal waarden yn de jierren 1977-1978 troch de Italjaanske oargelboufirma Mascioni efter de histoaryske oargelkassen fan Manuel de las Viñas út de jierren 1704-1712 boud. Dêrby waard it piipmateriaal fan de âlde oargels wer brûkt. It ynstrumint hat 59 registers op trije manualen en pedaal. De Traktueren binne elektromagnetysk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.