Katedraal fan Winchester
De Katedraal fan de Winchester (Ingelsk: Winchester Cathedral) of de Katedrale Tsjerke fan de hillige Trije-ienheid (Cathedral Church of the Holy Trinity) is in 170 m lange katedraal fan 'e Church of England yn Winchester, Hampshire, Ingelân. It is ien fan 'e grutste katedralen yn Jeropa mei it langste skip fan 'e goatyske Jeropeeske katedralen.
Katedraal fan Winchester
Cathedral Church of the Holy Trinity | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
Greefskip | Hampshire | |
plak | Winchester SO23 9LS | |
adres | 9 The Cl | |
koördinaten | 51° 3' N 1° 18' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Winchester | |
patroanhillige | Hillige Trije-ienheid Petrus, Paulus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1079-16e iuw | |
boustyl | gotyk | |
hichte | 46 meter (toer); hichte skip: 24 meter | |
monumintale status | Grade I listed building | |
monumintnûmer | 1095509 | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
De katedraal is wijd oan 'e Hillige Trije-ienheid, Petrus en Paulus en foar de reformaasje ek oan Sint-Swithun. De katedraal is de biskopstsjerke fan it bisdom Winchester.
Skiednis
bewurkje seksjeDe katedraal giet werom op it jier 642, doe't tichteby de noardlike kant fan de hjoeddeiske katedraal de earste tsjerke boud waard. Dat gebou waard bekend ûnder de namme Old Minster. Sûnt 971 makke de Old Minster diel út fan in kleasterkompleks.
De Angelsaksyske hillige Swithun waard by de munster begroeven. Letter waard de hillige byset yn 'e tsjerke en wer letter ferhûze syn omskot nei de Normandyske katedraal. De âlde munstertsjerke waard yn 1093 ôfbrutsen, fuort nei de wijing fan 'e opfolger.
Bouskiednis hjoeddeiske katedraal
bewurkje seksjeYn 1079 sette de biskop fan Winchester, Walkelin, útein mei de bou fan in folslein nije katedraal. De resten fan 'e Romeinske wei dy't brûkt waard om de blokken kalkstien fan 'e groeven nei de lokaasje foar de katedraal te ferfieren binne noch jimmeroan te sjen op it terrein fan 'e Ryde Golf Club.
De nijbou waard op 8 april 1093 ynwijd yn oanwêzigens fan hast alle biskoppen en abten fan Ingelân. Op it feest fan Sint-Swithun brochten de muontsen yn in feestlike prossesje de skryn mei de reliken fan 'e hillige oer nei de nij katedraal. Fuort nei dy wijingsdei waard in begjin makke oan 'e ôfbraak fan 'e âlde munster.
In grut part fan Walkelin's nijbou, wêrûnder de krypte, de transepten en it grûnplan fan it skip, hat de tiid oerlibbe. De oarpronklike krusingstoer stoarte lykwols al yn 1107 yn. Neffens midsiuwske kronykskriuwers soe dat it gefolch west ha fan it bysetten fan 'e lossinnige William Rufus yn 1100 ûnder de krusing. De ferfanger fan de ynstoarte krusingstoer bestiet noch jimmeroan en hat de Normandyske styl mei rûnbôgige ramen bewarre. De 46 meter hege toer is fjouwerkant en is mar 11 meter heger as de nok fan it dak.
Gotyk
bewurkje seksjeNei de wijing fan Godfrey de Luci as biskop yn 1189 waard in iergoatysk retrokoer oan 'e eastlike ein tafoege. It duorre oant healwei de 14e iuw, doe't der ûnder de biskoppen Edington en Wykeham wer in grutte ferbouwing plak fûn. De meast westlike traveeën waarden doe ôfbrutsen en ferfongen troch in nije westlike gevel. Ek waard in begjin makke mei de fernijing fan it skip yn 'e perpendicular styl. It oant dan ta houten ferwulft waard ferfongen troch in stiennen ferwulft. De opfolger fan Wykeham, Henry Beaufort (1405–1447), gie mooglik noch fierder mei it wurk en liet in nije kapel oan 'e súdlike kant fan it retrokoer tafoegje. Noch in kapel liet de opfolger William of Waynflete (1447–1486) oan de oare, noardlike kant fan 'e katedraal bouwe. Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw waarden de 12e iuwske Marijekapel langer makke en de Normandyske sydskippen fan it presbitearium ferfongen. Yn 1525 foege Richard Foxe (biskop 1500–1528) de stiennen ôffredings oan 'e sydkanten fan it koer ta. Ek joech er it koer in houten ferwulft.
Nei de reformaasje
bewurkje seksjeKening Hindrik VIII briek mei Rome en liet op alle abdijen beslach lizze. De kening beneamde himsels ta haad fan de Church of England. Dat betsjutte ek de ein fan 'e benediktynske priorij fan Sint-Swithun en yn 1539 waarden de gebouwen yn beslach nommen. In jier letter waard der in kapittel foarme en de lêste prior, William Basyng, waard no as deken oanwiisd. De kleastergebouwen mei de kleastergong en it kapittelhûs waarden letter sloopt, fral yn de perioade 1560-1580 ûnder de anglikaanske biskop Robert Horne.
It ferfallen Normandyske doksaal waard yn 1637-1640 ferfongen troch in nij doksaal neffens in ûntwerp fan Inigo Jones. It wie in klassisistysk type, mei brûnzen bylden fan Hubert le Sueur fan Jakobus I en Karel I yn 'e nissen. Yn 1820 waard dat doksaal wer ferwidere om't se it yn dy tiid net mear passend by in midsiuwsk gebou fûnen. It waard ferfongen troch in neogoatysk doksaal fan Edward Garbett. Yn 1870 liet George Gilbert Scott ek dat doksaal ferwiderje troch in houten ien, dat ûntwurpen wie op basis fan 'e baldekinen fan 'e koerbanken dy't út 1308 datearje. Alhoewol't it fykwurk fan grut fakmanskip tsjûget, krige it ûntwerp fan Scott in soad krityk. De brûnzen bylden fan 'e Stuart-kenings ferhûzen nei it westlike ein fan 'e katedraal, dêr't se njonken de sintrale doar in plak krigen yn nissen.
Tsjin 'e ein fan de 19e iuw drige de katedraal foslein yn te stoarten. De fûneminten fan 'e súdlike en eastlike muorre wiene troch ynkringend focht slim oantaaste. De dûker William Walker wurke seis jier lang yn folseine tsjusterens om se mei sekken beton, betonblokken en stiennen te ferstevigjen. Yn 'e tsjerke wurdt Walker mei in boarstbyld betocht. Mei help fan 'e nije stifting Friends of Winchester Cathedral waard de katedraal yn 'e jierren 1930 oansletten op it elektrisiteitsnet.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe midsiuwske ramen gyngen ferlern doe't Cromwell's troepen se mei opsetsin fernielden. Nei de restauraasje fan 'e monarchy yn 1660 waarden de glêsstikken wer by inoar fandele en nei eigen goedtinken yn in mozayk patroan ynbrocht. Der waard fierder gjin omtinken jûn om se wer yn 'e oarspronklike steat te rekonstruearjen. Guon fragminten kamen yn itAbbey Museum of Art and Archaeology yn Austraalje telâne, dêr't ek foarbylden fan 'e blauwe kleur by binne, dy't alle yn it glês fan Winchester te finen is.
Yn it retrokoer lizze noch prachtige dekorearre fliertegels út de 13e iuw. It is de grutste flier yn syn soarte fan Ingelân.
It 12e-iuwske doopfont komt fan Doarnik, Belgje. It is fersierd mei reliêfs fan Sint-Nikolaas.
Tige goed bewarre binne de troch Willem fan Lyngwode makke iken koerbanken út it begjin fan 'e 14e iuw. Se binne útwrydsk fersierd mei minsklike figueren, hollen en bisten.
Efter it heechalter stiet it grutte stiennen doksaal út de 15e iuw. It monumintale doksaal hie eartiids beskildere bylden, dy't by de ynfiering fan 'e reformaasje fernield waarden. Resten fan 'e bylden binne te sjen yn it trifoarium fan 'e katedraal.
Nei't in rige fan biskoppen en keningen yn 'e katedraal begroeven waarden, fûnen nei de reformaasje ek skriuwers lykas Izaak Walton en Jane Austen harren lêste rêstplak yn 'e katedraal. Yn it súdlike dwersskip is de Fiskerskapel (Fishermen's Chapel), dêr't Izaak Walton begroeven leit. Yn it skip stiet de klok fan it flaggeskip fan 'e Slach by Jutlân yn 1916, de HMS Iron Duke fan admiraal John Jellicoe.
Der waard in byld oprjochte, doe't Jeanne d'Arc troch de paus yn 1923 hillich ferklearre waard. It byld stiet foar de Chancery Chapel fan Henry Beaufort, biskop fan Winchester, oer. Henry Beaufort wie yn 1431 oanwêzich yn Rouen by de feroardieling fan Jeanne ta de brânsteapel.
Yn 'e krypte, dy't regelmjittich ûnder wetter stiet, is in byld fan Antony Gormley mei de namme Sound II út 1986. Ek stiet dêr in byld fan Sint-Swithum dat oarspronklik oan de gevel fan de katedraal stie.
Tusken 1992 en 1996 waard in rige fan njoggen ikoanen yn 'e stiennen ôffreding fan it koer oanbrocht, dat eartiids foar in koarte tiid de skryn fan Sint-Swithun beskerme. De ikoanen binne beynfloede troch de Russyske tradysje en makke troch Sergej Fjodorov. Under de ikoanen binne ek guon Angelsaksyske hilligen.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel giet werom op in ynstrumint fan Henry Willis. It waard foar it earst op 'e Great Exhibition yn 1851 yn Londen presintearre. Nei't de oargelist Samuel Sebastian Wesley it ynstrumint oanrikommandearre by de deken en it kapittel, waard it oargel lytser makke en yn 1854 yn de katedraal set. It oargel waard feroare yn 1897 en 1905 en nochris folslein op 'e nij boud troch Harrison & Harrison yn 1937 en 1986-1988. It hat 78 registers op fjouwer manualen en pedaal, de spyltraktueren binne elektro-pneumatysk, de registertraktueren elektrysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Winchester Cathedral
|