Katarina de Grutte

(Trochferwiisd fan Katerina de Grutte)

Katarina de Grutte (Russysk: Екатерина Великая, sekuere transliteraasje: Jekatjerina Vjelikaja);, eins Katarina II Aleksejevna (Екатерина II Алексеевна, Jekatjerina II Aljeksjejevna) (Stettin, 2 maaie 1729 - Tsarskoje Selo, 17 novimber 1796) wie fan 1762 oant 1796 tsarina fan Ruslân.

Katarina de Grutte
In monumint ta eare fan Katarina de Grutte

Katarina de Grutte waard berne yn Dútslân yn it plak Stettin, dat hjoeddeis yn it noardwesten fan Poalen leit. Doe't se fyftjin jier âld wie krige se in útnoeging fan de Russyske tsarina Elisabeth en Gruthartoch Peter Fedorovitsj foar in besite oan it Russyske hof. Dit hie ta doel dat se har ferlove soe mei dizze Gruthartoch, har eigen neef en troanopfolger fan de Russyske troan. Op 21 augustus 1745 waard it houlik sletten. Nei it houlik giet se oer ta it East-Ortodokse leauwen en krijt de foarnammen Ekaterina Aleksejevna.

Harren relaasje wie fan begjin ôf oan min. Dat waard fersterke troch it egoïstyske en swartgallige karakter fan de pokte troanopfolger dy’t troch in bernesykte ek hast hielendal keal wie. Yn it houlik kamen der yn it begjin gjin bern oant Peter troch in operaasje yn steat wie om op in normale manier in seksuele relaasje te hawwen. Nei njoggen jier houlik krige Katarina in soan, Paul. Dizze soan waard fuortendaliks meinomd troch beppe Elisabeth; dêrom krige Katarina har soan somtiden moannenlang net te sjen. Peter bestiigde de troan fan Ruslân nei it ferstjerren fan tsarina Elisabeth yn 1761. Peter wie in grut bewûnderer fan Ruslâns froegere fijân, de Prusyske kening Freark. Peter herfoarme it Russyske leger nei Prusysk foarbyld, soks ta grutte argewaasje fan de striidmacht sels. Yn juny 1762 kamen in grut oantal Russyske offisieren yn opstân en krigen se Katarina safier om har oan harren side te krijen. Katarina spruts de soldaten ta en frege om beskerming tsjin de wraak fan har echtgenoat. Peter wie op dat stuit mei syn mêtressen en mei syn gefolch op it keizerlike bûtenferbliuw “Oranienbaum”. Peter ferskûle him yn Kronstadt in fersterke stêd tichtby Sint Petersburch. Dêr hearde hy dat Katarina útroppen wie ta tsarina. Twongen om syn troan op te jaan waard Peter yn de finzenis goaid. Twa wike letter ferstoar hy ûnder mysterieuze omstannichheden.

Katarina giet rap oan it wurk as tsarina. Se organisearre de finânsjes, yntrodusearre moderne lânboumetoaden en seach ta op de ûntwikkeling fan de skipfeart, de minen, de tekstylyndustry en in netwurk fan diken, spoaren en brêgen. Dat late ta in eksplosive groei fan de wolfeart fan Ruslân. Ek wie se ferantwurdlik foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis, sûnenssoarch en it oprjochtsjen fan weeshuzen. Se hat in soad dien foar Ruslân. Dôchs waard se bespot om har priveelibben. Se wie iensum en se hie ferskeidene affêres hân dy’t troch har hege posysje faak swier oerdreaun waarden. Har minnaars wienen faak ministers. De ferneamdste wie Potemkin. Katarina hat nea in waarme relaasje ûntwikkelje kind mei har soan en erfgenamt Paul, mar se hie wol in ôfgryslik sterke bân mei har beppesizzer. Katarina skreau graach brieven. Dat die se mei ferskillende minsken troch hiel Jeropa hinne. Se skreau bygelyks mei Voltaire en Diderot.

Doe't har libben einige troch in beroerte yn novimber 1796 liet se in sterker en better organisearre Ruslân nei.