Katoensturtkninen

De katoensturtkninen (Latynske namme: Sylvilagus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte hazzen en kninen (Leporinae). Ta dit skaai hearre 16 ferskillende soarten kninen, dy't foarkomme yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, en fan uterlik sterk lykje op 'e (Jeropeeske) wylde knyn (Oryctolagus cunniculus). De measte soarten katoensturtkninen hawwe koarte sturtsjes mei wite ûnderkanten dy't se sjen litte as se útnaaie; dêr komt harren namme wei. Katoensturtkninen binne better bestân tsjin 'e kninesykte myksomatoaze, en sadwaande is de Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus) op guon plakken yn Jeropa útset as jachtwyld.

Katoensturtkninen
In Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus).
In Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje: hazzen en kninen (Leporidae)
ûnderfamylje: echte hazzen en kninen
   (Leporinae)
skaai: katoensturtkninen (Sylvilagus)
Gray, 1867

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.