Kat

húsdier
(Trochferwiisd fan Katten)

De kat (Latynske namme: Felis catus), om him te ûnderskieden fan 'e wylde kat ek wol húskat of hûskat neamd, is ien fan 'e âldste húsdieren fan de minske. De domestisearre kat heart ta de famylje fan kateftigen (Felidae). De âldste soartnamme wie Felis domesticus, mar dy is no ferfongen troch Felis sylvestris catus. It mantsje wurdt yn it Frysk in boarre neamd; it wyfke in poes. Ein 2009 wiene der yn Nederlân sa'n 3,6 miljoen katten

Katteklau
Katte-each
Katsjes

Jonge katsjes

bewurkje seksje

In jongkatsje wurdt tsjintwurdich faak kitten neamd, in lienwurd út it Ingelsk. Likernôch 66% fan de katsjes wurdt berne mei de kop earst. By de berte is it jongkatsje dôf en blyn. Nei sa'n 10 dagen kin it sjen en nei 17 dagen ek hearre. Nei fjouwer of fiif wiken geane sy oer op fêst iten. Dan leart de memmekat it jong ek om op de kattebak te gean. Dochs drinke in soad kittens oant de sechsde moanne by de mem, at sy dêr de kâns ta krije.[1]

Understeande tabel jout de ûntwikkeling fan in kitten.

Tiid Omskriuwing
1 wike eagen iepen, begjin fan fokusjen
2 wiken kin krûpe, mar noch net stean
17 dagen kin hearre
3 wiken begjint te rinnen
4 wiken begjint mei fêst iten
6 wiken eagen begjinne definitive kleur te krijen
8 wiken hat folslein molkgebit
8 wiken jachttechnyk wurdt oefene
8 wiken kastraasje mei no[2]
9 wiken earste faksinaasje panleukopeny en rhinotraceitis/calici
13 wiken twadde faksinaasje
18 wiken wikseling molkgebit nei fêst gebit
24 weken standerdleeftiid kastraasje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Wikiwurdboek-side - kat

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Turner D.C. & Bateson P.(2000). The domestic cat: The biology of its behaviour. Second Edition. Cambridge University Press, Cambridge.
  2. Peeters, E. (2008) Vroegcastratie: uw katje laten helpen op jonge leeftijd. Majesteit ; 58; 36-38.
.